Epifanykleaster (Oeglitsj)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Epifanykleaster

Богоявленский монастырь

De restaurearre katedraal fan it kleaster
De restaurearre katedraal fan it kleaster
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Yaroslavl Oblast.svg Oblast Jaroslavl
plak Flag of Uglich (Yaroslavl oblast).png Oeglitsj
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
oare ynformaasje
webside monastyr-bogoyavlenie.ru

It Epifanykleaster (Russysk: Богоявленский монастырь: ek: Kleaster fan de Iepenbiering fan de Hear) is in otterdoksk nonnekleaster yn it sintrum fan de Russyske stêd Oeglitsj (Oblast Jaroslavl).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Epifanykleaster foar 1917

It kleaster waard tsjin it ein fan de 14e iuw foar fammen boud troch prinses Eudoksia fan Sûzdal, de frou fan Dimitry IV fan Ruslân. Oarspronklik lei it kleaster yn binnen de muorren fan it kremlyn fan Oeglitsj. Yn 1609 waard it ferneatige troch Poalske ynfallers. Yn it ramt fan fersterkings oan it kremlyn waard it yn 1661 ferhûze nei de hjoeddeiske lokaasje oan de wei nei Rostov. De gebouwen wiene fan hout, mar tsjin it ein fan de 17e iuw resp. it begjin fan de 18e iuw waard de stiennen Smolensktsjerke boud. Twa oare tsjerken waarden yn de 19e iuw tafoege: de Tsjerke fan it Feodorovskaja-ikoan fan de Mem Gods yn it 1853 de Katedraal fan de Epifany.

De tsjerken fan it kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katedraal fan de Epifany[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Katedraal fan de Epifany is troch de ferneamde arsjitekt Konstantin Thon boud. De tsjerke waard tusken 1843 en 1853 yn Russysk-Byzantynske styl oplutsen, in styl dy't yn dy tiid yn de otterdokske wrâld tige populêr wie. Nei sluting yn de Sovjet-tiid waard it ynterieur fan de tsjerke foar in grut part fernield. Fan 1980 oant 2007 waarden de gevels fan de tsjerke renovearre. Yn 2009 waard de foltôge katedraal wer op 'e nij ynwijd.

De Tsjerke fan Us Leaffrou fan Smolensk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik oan de Epifany wijde Smolensktsjerke waard yn 1700 foltôge. It is net in grutte tsjerke en oan de noardlike en westlike kant binne in kapel, in refektoarium en in galerij tafoege. De tsjerke wurdt bekroand mei fiif sipels en is oan de eastlike kant ôfsluten troch in apsis. De klokketoer is yn de 19e iuw ferfongen troch in nij portaal yn klassisistyske styl.

De tsjerke waard tusken 1972 en 1975 restaurearre. Dielen dy't letter oan de súdeastlike kant fan de tsjerke tafoege wiene, waarden by dizze restauraasje wer ferwidere. De dekoraasjes oan de tsjerke binne renovearre, it dak krige in griene ferflaach en de sipels grien-glazuere tegels.

Yn 1925 lieten de bolsjewiken de tsjerke slute. It gebouw is yn 2003 werom jûn oan de Russyske-Otterdokske Tsjerke

Tsjerke fan it Feodorovskaja-ikoan fan de Mem Gods[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Feodorovskaja-tsjerke waard wijd oan it ikoan dat Ksenija Sjestova, de grut-non Martha en de mem fan tsaar Michael I, oan it kleaster joech. Mei de bou fan de tsjerke waard op 21 maaie 1805 útein set en de bou kaam yn 1818 ree. Tusken 1822 en 1824 waard it ynterieur fan de tsjerke beskildere troch Epifanom Medvedev. Nije freko's, dy't de tiid oerlibbe ha, waarden yn 1862 troch Egor Diakonov oanbrocht.

De trije ferdjippings tellende klokketoer dy't yn de jieren 1836-1839 oan de westlike kant fan de tsjerke oanboud waard, is nei it sluten fan de tsjerke yn 1930 ôfbrutsen. Yn de jierren 1980 en 2010 fûnen der restauraasjes plak. De tsjerke is yn 2003 werom jûn oan de leauwenden.[1]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]