Enno I fan Eastfryslân
| Enno I fan Eastfryslân | ||
![]() | ||
| bertedatum | om 1460 hinne | |
| stjerdatum | 19 febrewaris 1491 (30 jier) | |
| stjerplak | Friedeburg | |
| Greve fan East-Fryslân | ||
| amtsperioade | 1466-1491 | |
| foargonger | Ulrik I | |
| opfolger | Edzard I | |
Enno I fan East-Fryslân (± 1460 - Friedeburg (Nedersaksen), 19 febrewaris 1491) wie fan 1466 oant syn dea greve fan East-Fryslân. Hy hearde by it hûs Cirksena.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Enno I wie de âldste soan fan greve Ulrik I fan East-Fryslân út dy syn houlik mei Theda Ukena. Nei de dea fan syn heit yn 1466 waard er greve fan East-Fryslân, mar fanwegen syn minderjierrigens ûnder it regintskip fan syn mem. Omdat er oare ynteresses hie as te regearjen, bleau syn mem ek neidat er folwoeksen waard de regearingssaken behearen. Yn de jierren 1480 naam er mear en mear ferantwurdlikheden op him, mar in formele machtsoerdracht wie der net.
Yn 1489 teach er op pylgertocht nei Palestina, dêr't er yn'e Hillich Grêftsjerke fan Jeruzalem ta ridder slein waard. By syn ôfwêzigens waarden syn suster Almut en Engelman fan Horstell, de drost fan Friedeburg, fereale opinoar. It pear smeide sels houliksplannen, dêr't Theda har bot tsjin fersette.
Likegoed sette Almut har nei wenjen mei har ferloofde yn syn kastiel yn Friedeburg. Se bewearde dat har broer akkoart gie mei de ferbyntenis en naam as "breidsskat" famyljejuwielen mei. Doe't Enno yn febrewaris 1491 werom yn East-Fryslân wie, bliek it tsjindiel lykwols wier. Hy wie derfan oertsjûge dat syn suster troch har leaf ûntfierd wie en wie dêrom beret om it pear te efterfolgjen. Yn in fjild flak by Friedeburg rôp er Engelman ta ferantwurding. De drost bleau der by dat er fan Almut hold en wegere har oan Enno te jaan. Hy berikte op'e tiid de Friedeburg, efterneisitten troch Enno. Doe't de greve mei syn swiere wapenútris de boarchgrêft oerstekke woe, dy't - mei't it winter wie - tichtferzen wie, foel er troch it iis en ferdronk.
Enno waard byset yn de Grutte Tsjerke yn Emden. Omdat er net troud en sûnder bern bleaun wie, folge syn jongere broer Edzard I him op as greve fan East-Fryslân.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Dit artikel of in eardere ferzje dêrfan is in (parsjele) oersetting fan it artikel de:Enno I. (Ostfriesland) op de Dútsktalige Wikipedia. |
