Springe nei ynhâld

Endeavour

Ut Wikipedy

Endeavour is in foarrige foar Inspector Morse, dy't yn de jierren 1965 en letter spilet. Shaun Evans spilet de jonge ferzje fan Endeavour Morse, dy't ophâld mei de stúdzje en by de plysje sil. Ek dan al soe er leaver net by dy foarnamme neamd wurde, en hy ûnderfynt safolle tsjinwurking dat er op it least ophâlde wol, mar syn baas wol dêr neat fan hearre om't er tinkt dat Morse in goed plysjeman wêze sil, at er mar tagong krijt.

Wylst de ferhalen faak net sa kompleks binne as de boeken dy't Colin Dexter skreau oer Ynspekteur Morse, wurdt der in prachtich spul spile fan in kostúmdrama foar in tiid dy't noch net sa lang tebek leit. Yn likernôch in ferhaal elts fearnsjier, wurdt yn njoggen jier de tiid fan Oksford út de jierren 1965-1974 werjûn. Troch de plysjeferhalen foar dy tiid, wurdt der ek in kym lein fan alle lju dêr't Morse letter kunde oan hat.