Emmanuelle Béart
Emmanuelle Béart (Saint-Tropez of Gassin, 14 augustus 1963) is in Frânske aktrise dy't sûnt 1972 yn goed 50 films en telefyzjeproduksjes meispile hat. Fan 1996 oant 2006 wie hja ambastrise foar it Frânske Komitee fan UNICEF.
Béart wûn in César Award foar Bêste Understeunende Aktrise mei har rol yn de film Manon des Sources (1986). Fierders is hja sânris nominearre foar in César foar in akteur dêr't in soad fan ferwachte wurdt (Most Promising Actress) en foar Bêste Aktrise.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeugd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Emmanuelle Béart is de dochter fan de Italjaansk-Grykske aktrise Geneviève Galéa en de Libaneeske yngenieur en chansonnier Guy Béart. Sy wenne mei har bruorren en susters op in pleats yn Gassin yn de Provence]. Sy hiene thús gjin telefyzje dat Emmanuelle learde ferskes en lieten út de Frânske kultuer fan de radio. Sosjale belutsenens wie fansels yn it húshâlden.
Op har 13e seach sy de film Mado mei Romy Schneider en fan dat stuit ôf woe hja aktrise wurde. Jierren letter waard sy nei Montreal yn Kanada stjoerd om Ingelsk te learen. Se wurke dêr ûnder oaren as au-pair. Regisseur Robert Altman trúne har oan om troch te gean mei toanielspyljen.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Werom yn Frankrijk, fjouwer jier letter, spile se har earste rol yn de telefyzjesearje Raison perdue (1984). Wylens krige sy toaniellessen fan Jean-Laurent Cochet. Ek yn de jierren dêrnei spile sy yn ferskate films, dêr't faak in protte bleat yn te sjen wie. Tsjintwurdich docht se noch út en troch mei oan in spylfim, sa as yn Mission: Impossible I út 1996 mei tsjinspilers as Tom Cruise en Jon Voight. Yn François Ozon syn musical 8 femmes (2002) spile sy in sensueel keamerfamke, mei ûnder oaren Isabelle Huppert, Catherine Deneuve en Fanny Ardant as tsjinspylsters. Yn Nathalie (2003) spile sy in prostituee, mei Fanny Ardant en Gérard Depardieu as har tsjinspilers.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 moete sy Daniel Auteuil by it draaien fan de film Der Filou (L’amour en douce). Foardat de film dien wie, wienen sy al troud; yn 1994 folge in skieding. Ut dit houlik krige sy in dochter. Teffens hat sy in soan fan de muzikant en produsint David Moreau.
Augustus 2008 troude Bréart yn har Belgyske wenplak Genappe mei skriuwer-akteur Michaël Cohen. Hy publisearre yn 2007 de roman Ça commence par la fin. Béart soe model stien hawwe foar de romanheldinne Gabrielle.[1]
Neist har filmwurk is Béart ek bekend fan har sosjale aktvisme. Sy wie as ambassatrise foar UNICEF ûnder mear belutsen by projekten foar bernesoldaten yn Sierra Leöane en AIDS-bestriding. Doe't guon oerheden har net oan de makke ôfspraken holden, wie Béart sa teloarsteld dat sy har funksje oerjoech. Sy protestearre ek tsjin de Frânske anti-ymmigraasje wetjouwing. Yn 1996 helle sy it nijs by it ferdigenjen fan de rjochten fan de "sans-papiers" (yllegale ymmigranten); de plysje helle Bréart en har meistanners doe út in troch harren besette Paryske tsjerke wei.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Raison perdue (1984)
- Zacharius (1984)
- La femme de sa vie (1986)
- Marie-Antoinette, reine d'un seul amour (1989)
- D'Artagnan et les trois mousquetaires (2005)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) De Emmanuelle Béart webside
- (in) ACTRESS CONCEALS GRIEF AT CANNES Artikel oer de selsmoard fan har freon Vincent Meyer yn 2003
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|