Springe nei ynhâld

Emir

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Emiraten)

In emir of emier (de klam kin op beide wurdlidden lizze) is in aristokratyske of aadlike titel dy't oarspronklik út it Arabysk komt, mar troch de fersprieding fan 'e islaam ek yn oare dielen fan 'e wrâld brûkt wurdt of waard, wêrûnder Sintraal-Aazje (spesifyk Afganistan) en West-Afrika. Emir komt fan it wurd أمير, ’amīr (útspr.: [ʔæ'mi:r], likernôch "emmier"), dat tsjintwurdich yn 'e regel de betsjutting fan "prins" hat, hoewol't it foarhinne likegoed "kommandant" of "generaal" betsjutte koe. It komt fuort út 'e Arabyske woartel a-m-r, dat "befel" betsjut. It wurd 'emir' krong oan 'e ein fan 'e Midsiuwen it Frânsk binnen 'e foarm émir; dêrwei fersprate it him oer frijwol alle oare Jeropeeske talen. De froulike foarm fan 'emir' is emiera (fan it Arabyske أميرة, ’amīraẗ); it gebiet fan in emir is in emiraat, dat yn prinsipe itselde is as in soeverein prinsdom of foarstedom yn 'e lânseigen Jeropeeske terminology. Hjoed oan 'e dei is 'emir' de titel fan 'e hearskers fan Koeweit en Katar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.