Emingastate (Hijum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Emingastate wie in state by Hijum, gemeente Ljouwerteradiel (Noard). Fan de state is neat werom te finen. De bewenners binne ûnbekend en der binne gjin ôfbylden fan bewarre bleaun.

De state is foar 1786 ôfbrutsen, want de "Tegenwoordige Staat van Friesland" meldt: "Ook liggen hier de overblyfzels van het sterke Slot van Eminga, niet ver van Aebinga State. Weleer werden deeze Staten door twee haatdraagende zusters bewoond, welke een geweldigen kryg in deezen hoek veroorzaakten". Mooglik wie dat de oarsaak fan it ferdwinen fan Emingastate.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Tegenwoordige Staat van Friesland, boek 2, 1786
  • Website Histoarysk Sintrum Ljouwert: Doarpen yn Ljouwerteradiel