Springe nei ynhâld

Emilie Louise Frey

Ut Wikipedy

Emilie Louise Frey (Bazel, 8 juny 1869 - dêre, 22 maaie 1937) wie in Switserske dokter. Se wie de earste froulike studinte oan de Universiteit fan Bazel.

Emilie Louise Frey wie in dochter fan Eduard Frey en Emilie Stampfer. Se hie 16 broers en sussen. Se fêstige har yn Zürich en folge fan 1887 oant 1890 les oan de genêskundige ôfdieling fan de famkesnormaalskoalle. Nei in beslissing fan de Regearingsried fan Basel-Stadt waard se op 21 april 1890 de earste froulike studint oan de Universiteit fan Bazel, en dat tsjin it sin fan de mearderheid fan it ûnderwizend personiel fan de universiteit. Yn 1895 slagge it hja foar de genêskundige eksamens en yn 1896 helle hja in doktoraat mei in proefskrift oer de patologyske evolúsje fan rachitis (better bekend as de "Ingelske sykte"). Dêrnei iepene se in dokterspraktyk yn har âldershûs yn de Bazelske wyk Sankt-Alban, dêr't se fjirtich jier wurkje soe.

  • (dú) Eggmann, C., "Geduldet aber nicht willkommen" yn 100 Jahre Frauen an der Uni Basel, 76-83.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel of in eardere ferzje dêrfan is in oersetting fan it lemma Emilie Louise Frey yn de Frânske ferzje fan it Histoarysk wurdboek fan Switserlân (oernommen op 24 maaie 2021), dat ûnder de lisinsje Creative Commons Nammefermelding / Lyk dielen frijjûn is.