Springe nei ynhâld

Els de Groen

Ut Wikipedy
Els de Groen
skriuwer
Els de Groen (1987)
Els de Groen (1987)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeElly Kouwenhoven
nasjonaliteit Nederlânsk
berne23 desimber 1949
berteplakDe Haach
stoarn19 oktober 2025
wurk
taalNederlânsk
sjenreBerneboeken
jierren aktyf1975-2009
Els de Groen
politikus
partijEuropa Transparant
lid Europeesk Parlemint
amtsperioade2004-2009

Els de Groen, berne as Elly Kouwenhoven (De Haach, 23 desimber 1949 - 19 oktober 2025), wie in Nederlânsk (berneboeke)skriuwster, en politika. Se wie fan 2004 oant 2009 lid fan it Europeesk Parlemint en makke as lid fan Europa Transparant diel út fan de fraksje De Groenen/Vrije Europese Alliantie (Groenen/VEA).

De Groen studearre Frânsk en wurke fiif jier as learares. Yn dy tiid begûn se mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Sûnt 1975 hat De Groen tsientallen boeken skreaun foar bern en jongerein. Yn 1978 krige De Groen de Jantje Beton Priis fanwegen har inisjatyf om alle wiken bern te ynterviewen oer in aktueel ûnderwerp foar de Bernekrante (in útjefte fan it Algemeen Dagblad). Ek skreau se resinsjes fan jeugdliteratuer foar de boekerubryk fan de Bernekrante en foar oare kranten en blêden en de BRT.

In protte fan De Groens boeken spylje har ôf op de Balkan. Har roman Tuig giet oer de Bosnyske Boargeroarloch. Se krige dêr ûnderskiedingen foar yn ûnder oare Ingelân en Switserlân.

Yn gearwurking mei Press Now en de OVSE skreau se in reportage-essay oer de skiednis fan Kosovo, foar de Albanezen en Serviërs, dy't de skiednis fan Kosovo allinnich út eigen perspektyf kenne. In Ingelske ferzje ferskynde ûnder de titel Too early to get along.

Foar de Europeeske Parlemintsferkiezingen fan 2004 kandidearre Els de Groen har op it twadde plak fan de list Europa Transparant. De Groen wûn foar Europa Transparant in sit yn it Europeesk Parlemint, binnen de fraksje De Groenen/Vrije Europese Alliantie. De Groen ek stânpunten yn dy't bûten it mêd fan finansjeel (wan)belied leine. De dêrút resultearjende ûnienichheid late yn april 2005 ta it fersyk oan Els de Groen om de partij te ferlitten. De Groen wegere dat en sûnt dy tiid wurke hja as ûnôfhinklik parlemintariër binnen de EGP/EVA-fraksje. By de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint yn 2009 seach De Groen derfan ôf har op 'e nij te kandidearjen.

Els de Groen ferstoar op 19 oktober 2025, yn 'e âldens fan 75 jier.

  • 1975 - Een schat van een zwerver
  • 1979 - De kinderen van de overkant
  • 1982 - Weg met die rommel
  • 1982 - De splijtzwam
  • 1985 - Een Hollandse Chinees
  • 1986 - Een handvol piraatjes
  • 1987 - Op de brandstapel
  • 1988 - De olifanteruiter
  • 1989 - Het jaar van het goede kind
  • 1990 - Van het jongetje dat maar doorgroeide
  • 1992 - Jeans voor een matrjosjka
  • 1993 - De dag van het laatste schaap
  • 1995 - Eigenwijs
  • 1995 - Tuig
  • 1998 - Waar is Hamid ?
  • 1999 - De bruidskogel
  • 2000 - Duizend jaar onderweg
  • 2001 - Thuisvlucht
  • 2002 - Witte raven Zwarte schapen
  • 2007 - Weldoeners, of de liefdadigheidsmaffia
  • De bende van Barbra
  • Straling, mag het ietsje meer zijn?
  • Too early to get along
  • 2009 - Een moeras vol krokodillen
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL