Ellerhûzen

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Ellerhuzen)
Jump to navigation Jump to search
De brêgen by Ellerhûzen - foaroan de (fernijde) Alde, daêrefter de nije

Ellerhûzen (Grinzersk: Ellerhoezen) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân.

It buorskip bestiet út in samling pleatsen en huzen dy't oer sa'n 2½ km lingte oan de Ellerhûzerwei lizze. De wei begjint by it Boterdiep, rint dan 1½ km sa goed as nei it easten en dan noch 1 km nei it noardeasten.

Oer it Boterdiep lizze twa brêgen dy't de Ellerhûzerbrêge (of -klap) en de Alde Ellerhûzerbrêge hiet. De "Alde" brêge, lizzend yn it fytspaad, is yn werklikheid de nijste, mar hjit sa omdat dizze op de lânhaden fan de ôfbrutsen brêge boud is. Dizzen wienen bestean bleaun doe't der, by de oanlis fan in rûnwei om Zuidwolde, krekt ten suden fan dizze brêge in ferfangende oanlein waard. De brêge blykte lykwols in gefaarlijk punt te wêzen, omdat fytsers hjir eefkes fan de parallelwei ôf moasten, om it kanaal oer te stekken. Yn de jierren 80 is doe in brêge op de âlde lokaasje weromkomd.

De namme Ellershûzen (en Eller(t)sfjld) hat yn it Grinzersk de betsjutting efterútlizzend plak of ûnbekend plak, grif omdat it earste diel elders liket.