Ellen Müller-Preis
| Ellen Muller-Preis | ||
| Ellen Muller-Preis (1936) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Ellen S. Müller-Preis | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 6 maaie 1912 | |
| berteplak | Berlyn | |
| stjerdatum | 18 novimber 2007 | |
| stjerplak | Wenen | |
| lingte | 1.73 m | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Skermjen | |
| O.S. | Los Angeles 1932, Berlyn 1936, Londen 1948, Helsinki 1952, Melbourne 1956 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Ellen S. Müller-Preis (Berlyn Dútslân, 6 maaie 1912 - Wenen Eastenryk, 18 novimber 2007) wie in Eastenryksk-Dútsk skermster.
Ellen Müller-Preis waard yn Berlyn berne as dochter fan in Dútske mem en in Eastenrykse heit. Op 13 - jierrige leeftiid gie se nei Wenen nei de skermskoalle fan har muoike. Omdat se in dûbelde nasjonaliteit hie, keas se derfoar om foar Eastenryk út te kommen, doe't Dútslân net yn har ynteressearre wie.
Sy ien kear mei oan de wrâldkampioenskippen en fiif kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936, 1948, 1952 en 1956). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op it ûnderdiel Floret. Yn Berlyn en Londen wûn sy in sulveren medalje. Se waard ek noch santjin kear Eastenryksk kampioene.
Nei har sport karriêre waard se learares skermen wêrby't se mei in soad akteurs dy't yn films, toanielstikken en opera's fjochtsje moasten wurke. Se wie ek heechlearaar oan de Universität für Musik und darstellende Kunst Wien.
Ellen Muller-Preis ferstoar op 18 novimber 2007, yn 'e âldens fan 95 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
