Australyske skiere glee
| Australyske skiere glee | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Elanus axillaris | ||||||||||||
| Latham, 1801 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske skiere glee (Elanus axillaris) is in rôffûgel yn it skaai skiere gleeën (Elanus) út de famylje haukfûgels (Accipitridae). De wittenskiplike namme is oan it Latynske wurd axilla ûntliend, itjinge skouder betsjut.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2004 liet in molekulêre stúdzje oan dat it skaai Elanus in iere ôfsplitsing is fan 'e rôffûgel famylje haukfûgels (Accipitridae). Faaks hearre de soarten yn it skaai eins ta in eigen famylje. De ûndersikers advisearren om se yn 'e aparte famylje Elanidae te setten, mar oant no ta hat allinnich Birdlife International dat advys opfolge, wylst it ynfloedrike International Ornithological Congress en eBird/Clements it skaai oant no ta ûnder de klade haukfûgels hâlde.
De Australyske skiere glee is nau besibbe oan 'e Amerikaanske skiere glee (E. leucurus) en skiere glee (E. caeruleus) fan Afrika, Aazje, en hjoed-de-dei ek Europa. Dy soarten wurde somtiden as ien en deselde soarte behannele, mar se ferskille yn gedrach, fearren en morfology.
De Australyske glee wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Australyske skiere gleeën wurde 35 oant 38 sm lang en ha in spanwiidte fan 80 oant 95 sm. Se weagje trochstrings sa'n 290 gram. De fûgels binne lochtgriis op 'e rêch en se ha in wite kop en búk. Op it skouder en it útein fan 'e wjuk binne de fearren swart. De wjukken binne puntich. De soarte hat reade eagen mei in swarte, kommafoarmige streek. Om 'e noasgatten sit wat giel en de poaten binne ek giel. De snaffel is koart en de boppesnaffel hat in skerpe bûging. Mantsjes binne wat lytser as wyfkes.

Juvenilen ha ûnder in readbrune kraach mei readbrune plakken en opfallende wite úteinen op 'e fearren fan 'e wjukken. Se ha gjin reade eagen mar donkerbrune.
Australyske skiere gleeën lykje op 'e ek yn Austraalje foarkommende lettergleeën (Elanus scriptus). Dy fûgel hat lykwols in swarte râne om it each, sadat it gesicht wat fan in ûle kriget. It grutste ûnderskied is de swarte tekening ûnder de wjuk fan it oksel oant de punt by de letterglee; wylst de Australyske skiere glee dêr relatyf minder swart hat.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Australyske skiere gleeën komme yn hiel Austraalje en ek op Tasmaanje foar en wurde oantroffen yn lânbougebieten en oan 'e râne fan stêden, dêr't er jeijend boppe greidlân sjoen wurdt of op keale tûken en yn deade beammen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels ite kjifdieren en dan benammen mûzen. Se jeije ek op imerkes, ratten, reptilen en fûgels. Australyske skiere gleeën foarmje monogame pearen en begjinne ôfhinklik fan 'e mûzepopulaasjes yn 'e regel yn augustus te brieden. Somtiden wurdt der twaris yn in seizoen bret. In lechsel bestiet út trije oant fjouwer matwite aaien mei readbrune plakjes. It wyfke briedt de aaien yn likernôch 30 dagen út en de piken ha ynearsten dûns. Likernôch 36 dagen nei it útkommen fan 'e aaien ferlitte de jonge fûgels it nêst. Dêrnei soargje de âlden noch in skoft foar de jongen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasjes groeit. De Australyske gleeën profitearren fan 'e komst fan 'e Europeanen mei't dy it lân bewurken en yrrigearren en dêrmei geskikt biotoop foar de fûgel makken.
De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, )op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
