Swellesturtglee
| swellesturtglee | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Elanoides forficatus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel trekfûgel |
De swellesturtglee (Elanoides forficatus) is in rôffûgel yn 'e famylje haukfûgels (Accipitridae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre as Falco forficatus troch Carolus Linnaeus.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swellesturtglee is maklik te werkennen oan syn ûnderskiedende swarte en wite fearren en lange foarkesturt. De fûgel is 50 oant 68 sm lang en hat in spanwiidte fan sawat 130 sm. De wjukken binne relatyf lang, mar de poaten binne koart. Tusken mantsjes en wyfkes is gjin ferskil.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
- Elanoides forficatus forficatus: súdeastlike Feriene Steaten en noardlik en eastlik Meksiko.
- Elanoides forficatus yetapa ( Vieillot , 1818 ): fan súdlik Meksiko oant noardlik Argentynje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De glee jaget op ynsekten, lytse hagedissen, slangen en fûgels. Al de proaien net te grut binne, wurde se opfretten sûnder de grûn te reitsjen. Ek kin de fûgel drinke as er fleant. Se wurde faak yn grutte groepen fan 30 of mear fûgels sjoen.
De soarte briedt fan maart oant maaie en bout it nêst yn 'e heechste beammen fan it gebiet, leafst dinnebeammen fan 'e soarte Pinus taeda en oars yn 'e moerassipres (Taxodium distichum). It wyfke leit twa oant fjouwer aaien, dy't yn 28 dagen útbret wurde. Nei 36 oant 42 dagen fleane de jongen út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en tocht wurdt dat de populaasje groeit. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2016). Yn 'e Feriene Steaten hat de soarte grutte dielen fan it eardere ferspriedingsgebiet ferlern, mar de oantallen binne de lêste desinnia wer tanommen. Mooglike bedrigingen foarmje it habitatferlies troch útwreiding fan 'e lânbou, houtkap en urbanisaasje. Earder waard der ek in soad op 'e fûgel jage.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Swellesturtglee
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen

