Springe nei ynhâld

Parasitisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ektoparasyt)
In gewoane langpoatspin (Phalangium opilio) mei op syn liif de (readige) larven fan 'e in soarte rôfmyt.

Parasitisme is in nauwe bân tusken twa ferskillende soarten, wêrby't de iene soarte, de parasyt, op of yn de oare soarte libbet en dy oare soarte dêrby skea tabringt om der sels fan te profitearjen. Dy skea is ornaris net sa grut dat de gasthear deroan deagiet. Is dat wol sa, dan is der sprake fan parasitoïdisme, in spesifike foarm fan parasitisme. Om in parasyt yn 'e biologyske sin te wêzen, moat in organisme struktureel oan sa'n libbenswize oanpast wêze ynstee dat er der op opportunistyske wize de gelegenheid foar oangrypt. It wurd 'parasitisme' komt fan it Midfrânske parasite, dat fia it Latynske parasitus úteinlings tebek giet op it Aldgrykske παράσιτος, parasitos, mei de letterlike betsjutting "immen dy't fan 'e tafel fan in oar yt", fan παρά, para ("by" of "njonken") en σῖτος, sitos ("weet" of "iten").

Foarbylden fan parasiten binne ienselligen lykas de fersprieders fan sykten as malaria, sliepsykte en amoebiasis; bisten lykas heakwjirms, luzen, langpoaten en fampierflearmûzen; planten lykas de mistel, wynsels en klaverfretters; en skimmels lykas de echte huningswam. Parasiten kinne opdield wurde yn endoparasiten, dy't ynwindich yn it lichem fan 'e gasthear libje, lykas in lintwjirm yn 'e terms fan in minske, en ektoparasiten, dy't bûten it lichem fan 'e gasthear libje, lykas de katteflie yn 'e pels fan in kat. Fakgebieten dy't har mei de stúdzje fan parasiten dwaande hâlde, binne yn it foarste plak de parasitology, mar ek de mikrobiology, de fysiology en de plantefysiology.

Krekt as by predaasje is parasitisme in type fan ynteraksje tusken iter en helpboarne, mar oars as rôfdieren binne parasiten folle lytser as harren gasthearen, deadzje se har net (mei útsûndering fan parasitoïden) en libje se faak langere tiid (moannen of sels jierren) op of yn harren gasthear. Parasiten fan bisten (en minsken) binne sterk spesjalisearre. Eltse soarte parasyt libbet yn prinsipe mar op ien gasthearsoarte. Se plantsje har flugger fuort as har gasthearen. Parasiten ferminderje de sûnens fan har gasthear troch in algemiene of spesjalisearre patology, fariëarjend fan parasitêre kastraasje oant gedrachsferoaring fan gasthearen. Dêr profitearje se fan troch har gasthearen te eksploitearjen foar û.o. fieding, fuortplanting en it 'meiliftsjen' mei sekundêre gasthearen (lykas de malariamuskyt) om in primêre gasthear (yn dat gefal de minske) te berikken.

Minsklike kennis fan parasiten lykas rûnwjirms en lintwjirms giet tebek oan it Alde Egypte. Yn 'e moderne tiid wie it de Nederlânske mikrobiolooch Antonie van Leeuwenhoek dy't yn 1681 mei syn mikroskoop foar it earst it bestean fan tige lytse parasiten ûntdiek. De moderne parasitology ûntjoech him yn 'e njoggentjinde iuw. Yn 'e minsklike kultuer hat parasitisme tige negative konnotaasjes. Dy waarden yn 1733 op satiryske wize brûkt troch de Ingelske skriuwer Jonathan Swift yn syn gedicht On Poetry: A Rhapsody, wêryn't er dichters ferliek mei parasitêr "ûngedierte". Yn 'e literatuer waard yn 'e horrorroman Dracula, fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker, foar it earst it mytysk wêzen de fampier foar it fuotljocht brocht yn syn moderne foarm fan bloeddrinkende parasyt. De ynfloedrike horrorfilm Alien (1979), fan regisseur Ridley Scott, giet oer in parasitêre bûtenierdske soarte dy't minsken brûkt om aaien yn te lizzen, wêrnei't de jongen troch de búkwand hinne nei bûten ta brekke.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.