Utfier

Utfier of eksport (fan it Latynske ex, "út" en portum, "haven") is de beneaming foar alle guod en tsjinsten dy't út it iene lân wei oan in keaper yn in oar lân ferkocht en levere wurde. Utfier is ien fan 'e foarmen fan ynternasjonale hannel. It tsjinstelde fan útfier is ynfier. Dêrfan is sprake as der yn in lân guod of tsjinsten kocht en levere wurde út in oar lân wei. In lân dat in protte útfiert, is in útfierlân of in eksporteur. Dy lêste oantsjutting kin ek brûkt wurde foar in bedriuw dat in protte oan it bûtenlân leveret. Utfier is in wichtich part fan it Bruto Nasjonaal Produkt (BNP) fan in lân.
By beskate hannelsblokken wurdt hannel dy't oer de binnengrinzen hinne giet, formeel (d.w.s. troch de dûane en foar de btw) net mear as útfier beskôge. Yn 't bysûnder is dat sa by de Jeropeeske Uny. Foar sokke hannel brûkt men de term "yntrakommunautêr". Foar de statistiken wurde lykwols de ôfsûnderlike dielsteaten noch wol as aparte entiteiten beskôge. Sa wie Dútslân yn 2008 it grutste útfierlân fan 'e wrâld mei in totale útfier fan $1.465 miljard. Nederlân besette dat jiers op 'e wrâldranglist it fyfde plak mei in totale útfier fan $634 miljard.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
