Ekosône

In ekosône, ek wol in biogeografyske provinsje neamd, is de rûchste biogeografyske ferdieling fan it lânoerflak fan 'e Ierde op it mêd fan 'e fersprieding fan organismen. Binnen sa'n sône fertoane de ûnderskate soarten floara en fauna ûnderling wichtige ekologyske oerienkomsten. Dy wurde benammen feroarsake troch in mienskiplike evolúsje dy't yn hege mjitte stjoerd is troch it dielde klimaat. Der besteane yn it gongbere systeem, dat ûntwurpen is troch Miklós Udvardy, acht ûnderskate ekosônes. Dy kinne op leger nivo fierder ferdield wurde yn ekoregio's en ekosubregio's.
Ekosônes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne acht ekosônes:
- it Afrotropysk gebiet of de Afrotropis: Afrika fan Kaap de Goede Hoop yn it suden oant en mei de Sahelsône yn it noarden, mei dêropta Madagaskar, de lytsere Afrikaanske eilannen yn 'e Yndyske Oseaan, it Arabysk Skiereilân en it uterste súdeasten fan Iraan
- it Antarktysk gebiet of de Antarktis: Antarktika mei de Antarktyske en Subantarktyske eilannen yn 'e Súdlike Oseaan en it suden fan 'e Atlantyske en Yndyske Oseaan
- it Australazysk gebiet: Austraalje, Tasmaanje, Nij-Seelân, Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden, de Salomonseilannen, Nij-Guineä, de Molukken, Selebes en de Lytse Sûnda-eilannen (útsein Baly)
- it Yndomaleisk gebiet of it Oriïntaalsk gebiet: it Yndysk subkontinint besuden de Himalaya, East-Aazje besuden de Jangtsekiang, it fêstelân fan Súdeast-Aazje, Malakka, de Grutte Sûnda-eilannen (útsein Selebes), Baly, de Filipinen, Hainan, Taiwan en de Rjûkjû-eilannen
- it Neärktysk gebiet of de Neärktis: Noard-Amearika fan Grienlân en Alaska yn it noarden oant healwei Meksiko yn it suden
- it Neotropysk gebiet of de Neotropis: Súd-Amearika, Midden-Amearika, de súdlike helte fan Meksiko, it Karibysk Gebiet, Bermuda en de súdpunt fan it Floaridaskiereilân
- it Oseänysk gebiet: Oseaanje eastlik fan 'e Nije Hebriden en de Salomonseilannen en noardlik fan Nij-Guineä
- it Paleärktysk gebiet of de Paleärktis: Jeropa, Noard-Afrika benoarden de Sahelkrite, it Midden-Easten útsein it Arabysk Skiereilân en it uterste súdeasten fan Iraan, it fêstlân fan Aazje benoarden de Himalaya en de Jangtsekiang en Japan útsein de Rjûkjû-eilannen
It Paleärktysk gebiet en it Neärktysk gebiet wurde soms op ien bulte smiten om mei-inoar it Holarktysk gebiet te foarmjen. De grinzen tusken de ûnderskate sônes binne net altyd like dúdlik. Soms geane de sônes stadichoan yninoar oer. In foarbyld fan sa'n gebiet is Wallacea, dat Selebes, de Molukken en de Lytse Sûnda-eilannen omfettet. Hoewol't dy regio ta it Australazysk gebiet rekkene wurdt, hat it ek skaaimerken fan it Yndo-Maleisk gebiet.
Ekosônes yn oerflaktewetters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saakkundigen binne noch net út oer de tapasberens fan dit systeem op organismen dy't yn swietwetter libje. Foar marine ekosônes (yn see) bestiet in eigen yndieling.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
