Einling
Appearance

In einling (in lienfertaling fan it Ingelske endling) is it lêst bekende eksimplaar fan in soarte of ûndersoarte ear't dy soarte of ûndersoarte útstjert. De term endling waard foar it earst brûkt yn 1996 yn in ynstjoerd brief yn it foaroansteande Britske wittenskiplike tydskrift Nature.
Foarbylden fan einlingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- sûchdieren:
- de lêste oerokse (Bos primigenius), † yn 1627 yn in wâld by wat no Jaktorów yn Poalen is;
- de lêste kwagga (Equus quagga quagga), † op 12 augustus 1883 yn Artis yn Amsterdam;
- de lêste tarpan (Equus ferus ferus), † yn 1903 yn finzenskip yn it Russyske Ryk;
- de lêste bûdelwolf (Thylacinus cynocephalus), † op 7 septimber 1936 yn 'e Hobart Zoo yn Hobart, op Tasmaanje;
- Celia, de lêste Pyreneeske stienbok (Capra pyrenaica pyrenaica), † op of koart foar 6 jannewaris 2000 yn 'e Spaanske Pyreneeën (ferplettere troch in omfallen beam);
- de lêste Fjetnameeske Javaanske noashoarn (Rhinoceros sondaicus annamiticus), † yn 2010 yn it Nasjonaal Park Cát Tiên yn Fjetnam (sketten troch in streuper).
- fûgels:
- Martha, de lêste trekdo (Ectopistes migratorius), † op 1 septimber 1914 yn 'e Cincinnati Zoo yn Cincinnati;
- Incas, de lêste Karolinaparkyt (Conuropsis carolinensis), † op 21 febrewaris 1918, ek yn 'e Cincinnati Zoo;
- Booming Ben, de lêste heidehin (Tympanuchus cupido cupido), † op of koart nei 11 maart 1932 op Martha's Vineyard;
- de lêste donkere kweldergoars (Ammospiza maritima nigrescens), † op 17 juny 1987 yn 'e dieretún op Discovery Island yn it ferdivedaasjepark Disney World yn Orlando, yn Floarida;
- de lêste Kauaï-o'o (Moho braccatus), † troch tadwaan fan 'e Orkaan Iniki op 12 septimber 1992 op Kauaï, yn Hawaï.
- reptilen:
- Lonesome George, de lêste Pintareuzeskyldpod (Chelonoides niger abingdonii), † op 24 juny 2012 yn syn habitat yn 'e Galapagoseilannen yn Ekwador;
- Toughie, de lêste Rabbs franjepoatbeamkikkert (Ecnomiohyla rabborum), † 26 septimber 2016 yn 'e Botanyske Tún fan Atlanta yn Atlanta.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In kwagga.
- Lonesome George, de lêste Pintareuzeskyldpod.
- Toughie, de lêste Rabbs franjepoatbeamkikkert.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |