Eilânreuzegroei

Eilânreuzegroei, ek: eilânreuzefoarming of eilângigantisme, is in biologysk ferskynsel wêrby't de trochsneed lichemsgrutte fan in soarte of ûndersoarte bist of plant, dy't isolearre rekke is op in eilân, meitiid troch evolúsje op dramatyske wize tanimt yn ferhâlding ta de lichemsgrutte fan besibbe soarten of ûndersoarten op it fêstelân. Soks komt net inkeld op echte eilannen foar, mar ek yn "eilân"-eftige kriten op it fêstelân, lykas isolearre oäzes, dellingen of berchtoppen. Einlânreuzegroei is in foarm fan fyletyske reuzegroei. It wurdt feroarsake trochdat in lytsere lichemsgrutte, dy't op it fêstelân in evolúsjonêr foardiel wêze kin, op in relatyf lyts eilân syn foardielen ferliest. It tsjinstelde ferskynsel, dat in bist of plant krekt lytser wurdt troch isolaasje op in eilân, komt ek foar; dat hjit eilândwerchgroei.
Oarsaken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rôfdieren yn 'e foarm fan grutte sûchdieren (bgl. kateftigen, hûneftigen of bearen) ûntbrekke faak op eilannen om't dy te lyts binne foar genôch proaidieren om in libbensfetbere populaasje fan sokke rôfdieren te ûnderstypjen. Of as se dêr wol grut genôch foar binne, kinne der swierrichheden wêze mei de fersprieding oer see fan lânrôfdieren nei sokke faak ôfhandige eilannen. Yn harren ôfwêzigens wurde de ekologyske nisen foar grutte rôfdieren opfolle troch fûgels, reptilen en/of lytsere sûchdieren, dy't dêrtroch op 'e eilannen folle grutter wurde kinne as op it fêstelân. Sa wiene op it prehistoaryske eilân Gargano, út it Mioseen en Plioseen fan 'e Middellânske See (no ûnderdiel fan 'e Lears fan Itaalje), alle toprôfdieren earnen, falken en ûlen, wêrûnder guon fan 'e grutste soarten fan dy trije groepen. Itselde giet hjoed oan 'e dei noch altyd op foar Kuba, Madagaskar en Nij-Seelân.
Foar herbivoaren jildt dat in lytsere lichemsgrutte foardielich wêze kin om oan rôfdieren te ûntkommen. As der gjin of net folle rôfdieren binne, of as de rôfdieren allinne mar fûgels en reptilen binne, dy't folle minder effisjinte jagers binne as grutte sûchdieren, dan ferliest it lyts wêzen syn foardielen en wurde herbivoaren meitiid grutter. Lytsere herbivoaren kinne ek foardiel hawwe fan 'e ôfwêzigens fan grutte herbivoaren dêr't se op it fêstelân mei konkurrearje moatte om iten. Dat betsjut dat se op eilannen dêr't sokke fan natuere grutte herbivoaren net foarkomme, sels grutter wurde kinne.

Eilânreuzegroei en eilândwerchgroei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Einlânreuzegroei is ien fan 'e aspekten fan it algemienere "eilâneffekt", dat ek wol bekendstiet as de Wet fan Foster. Dy regel stelt dat wannear't bisten fan it fêstelân op in eilân isolearre reitsje, lytsere soarten grutter wurde sille wylst gruttere soarten lytser wurde. It lytser wurden fan bisten op eilannen hjit eilândwerchgroei. Sawol eilânreuzegroei as eilândwerchgroei binne foarmen fan it eilânsyndroom, dat de ferskillen beskriuwt yn morfology, fysiology, hâlden en dragen en ekology tusken eilânsoarten en soarten op it fêstelân.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bekendste foarbyld fan eilânreuzegroei is miskien wol de útstoarne dodo (Raphus cucullatus) fan Mauritsius, dy't eins in soarte do wie, mar dan folle grutter as syn sibben op it fêstelân.
Oare foarbylden fan útstoarne bisten mei reuzegroei binne: de Sardynske reuzepipermûs (Asoriculus similis), de Baleaarske reuzepipermûs (Nesiotites hidalgo), de Tenerifereuzerôt (Canariomys bravoi), de Gran-Canariareuzerôt (Canariomys tamarani), de Majorkareuzesliepmûs (Hypnomys morpheus), de Minorkareuzesliepmûs (Hypnomys mahonensis), de Sardynske fluithazze (Prolagus sardus), de Hispanjoalske aap (Antillothrix bernensis), de gorillamaky (Archaeoindris fontoynontii) fan Madagaskar, de Sardynske reuze-otter (Megalenhydris barbaricina), de oaljefantsfûgels (Dinornithidae) fan Madagaskar, de moä's (Dinornithiformes) fan Nij-Seelân, de Garganogoes (Garganornis ballmanni), de reuzeswan (Cygnus falconeri) fan Sisylje en Malta, de reade ral (Aphanapteryx bonasia) fan Mauritsius, de Rodriguessolitêr (Pezophaps solitaria) fan Rodrigues, Haasts earn (Hieraaetus moorei) fan Nij-Seelân, de Kretinzyske ûle (Athene cretensis), de Tongaanske reuzeleguaan (Brachylophus gibbonsi), de Fidzjiaanske reuzegrûnpod (Platymantis megabotoniviti) en de Sint-Helena-earkrûper (Labidura herculeana).

Foarbylden fan noch libbene bisten en planten mei eilânreuzegroei binne: de St Kildafjildmûs (Apodemus sylvatcus hirtensis), de Orkneyfjildmûs (Microtus arvalis orcadensis), de Floaresreuzerôt (papagomys armandvillei), de fossa (Cryptoprocta ferox) fan Madagaskar, de Sudereilântakahe (Prophyrio hochstetteri) fan Nij-Seelân, de Filipynske earn (Pithecophaga jefferyi), de Nijkaledoanyske reuzegekko (Rhacodactylus leachianus), de Gran-Canariareuzehagedis (Gallotia stehlini), de palmwâldbeamkikkert (Leptopelis palmatus) fan Prinsipe, Wallace' reuzebij (Megachile pluto) fan 'e Noard-Molukken, de Campbellwoartel (Anisotome latifolia) fan 'e Campbell- en Aucklandeilannen, de komkommerbeam (Dendrosicyos socotranus) fan Sokotra en de Macquariekoal (Stilbocarpa polaris) fan Macquarie.
In dubieus foarbyld fan eilânreuzegroei is de Komodofaraan (Varanus komodoensis) fan it eilantsje Komodo yn 'e Lytse Sûnda-eilannen fan súdlik Yndoneezje. Dat is wol de grutste libbene hagedis op 'e wrâld, mar hy is minder grut as syn útstoarne sibbe, de steppefaraan of megalania (Varanus priscus) út Austraalje. Boppedat suggerearret ûndersyk nei fossilen dat de Komodofaraan syn hjoeddeistige grutte al berikt hie doe't er him fan Austraalje nei Komodo fersprate. Oan 'e oare kant wurdt Austraalje wolris "wrâlds grutste eilân" neamd, dat yn dy sin soe it dan dochs wer mei eilânreuzegroei te krijen hawwe kinne. In oar ferkeard foarbyld fan eilânreuzegroei binne de ferskate soarten reuzelânskyldpodden dy't tsjintwurdich of oant yn it resinte ferline noch op ôfhandige eilannen foarkomme of foarkamen. Yn it Pleistoseen libben der lânskyldpodden fan gelikense grutte op it fêstelân fan Austraalje, Súd-Aazje, Jeropa, Madagaskar en Noard- en Súd-Amearika. Dat de grutste skyldpodden no allinne noch mar foarkomme op ôfhandige eilannen liket net troch eilânreuzegroei te kommen, mar inkeld trochdat se dêr minder of pas hiel resint bleat kamen te stean oan oerbejaging troch de minske.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
