Eilânfoks
| eilânfoks | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Urocyon littoralis | ||||||||||||
| Baird, 1857 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De eilânfoks (wittenskiplike namme: Urocyon littoralis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e grize foksen (Urocyon). Dit bist is lânseigen op 'e Kanaaleilannen fan Kalifornje, dy't foar de kust lizze fan 'e stêdekloft fan Los Angeles. Der binne seis ûndersoarten, dy't elts endemysk binne op ien eilân. De eilânfoks, dy't langhaliger is mar ek leger op 'e poaten stiet as in hûskat, is yn haadsaak in nachtdier, en hâldt der in omnivoar dieet op nei. Hy foarmet monogame pearkes. Yn it ferline spile de eilânfoks in wichtige rol yn 'e kultuer fan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan 'e Kanaaleilannen. Om 2000 hinne stoar dit bist op in hier nei út, mar sûnt is er wer by de wâl opklaud. De IUCN klassifisearret de eilânfoks no as gefoelich.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilânfoks waard foar it earst yn 1857 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Spencer Fullerton Baird. De wittenskiplike namme Urocyon littoralis betsjut letterlik "sturthûn fan 'e kust", fan it Grykske οὐρά, oura ("sturt") en κύων, kyon ("hûn") en it Latynske littoris ("kust" of "strân").

Evolúsje en oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Genetysk en archeologysk ûndersyk wiist derop dat de eilânfoks ôfstammet fan in populaasje fan 'e grize foks (Urocyon cinereoargenteus) fan it fêstelân fan Kalifornje, dy't omtrint 7.300 jier lyn op 'e Kanaaleilannen arrivearre. Mei't der doe al lang gjin lânbrêge mear bestie tusken de eilannen en it fêstelân, wie dy yntroduksje mooglik it gefolch fan minsklik hanneljen.
It soe mooglik wêze dat foksen, fan it diel fan it fêstelân ôf dêr't no de stêd Santa Barbara leit, swimmend de noardlike Kanaaleilannen San Miguel, Santa Rosa en Santa Cruz berikt hawwe. Itselde soe kinne foar wat it eastlike eilân Santa Catalina oangiet, as se oerstutsen binne fan it plak ôf dêr't no de stêd Long Beach leit. Mar de oanwêzigens fan foksen op 'e fierder út 'e kust lizzende súdlike eilannen San Nicolas en San Clemente is hast wis it wurk fan minsken.
Mei't de eilânfoks op 'e eilannen isolearre libbe fan 'e grize foks op it fêstelân, ûntjoech er him meitiid ta in selsstannige soarte, wylst de populaasjes op 'e ûnderskate eilannen har ta aparte ûndersoarten ûntwikkelen. Dêrby kromp de eilânfoks troch it proses fan eilândwerchgroei gâns yn en is er tsjintwurdich likernôch 25% lytser as de grize foks. Yn syn isolaasje boude de eilânfoks fierders gjin ymmuniteit op tsjin parasiten en sykten fan it fêstelân. Hy is yn 't bysûnder tige kwetsber foar parasiten en sykten dy't de hûn (Canis lupus familiaris) by him draacht.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilânfoks is yn syn fersprieding beheind ta de Kanaaleilannen, in arsjipel fan acht ûnderskate eilannen dy't foar de kust fan Súdlik Kalifornje yn 'e Stille Oseaan leit. (Net te betiizjen mei de bekendere Kanaaleilannen yn It Kanaal tusken Ingelân en Frankryk.) De eilannen lizze útspraat yn twa groepen fan fjouwer, ien yn it noarden en ien yn it suden. De eilânfoks komt foar op seis eilannen: San Miguel, Santa Rosa en Santa Cruz yn it noarden en San Nicolas, San Clemente en Santa Catalina yn it suden. Op Anacapa, it eastlikste fan 'e fjouwer noardlike eilannen, koene foksen net oerlibbje om't dat eilân gjin boarne fan swietwetter hat dy't it hiele jier rûn beskikber is. En it eilantsje Santa Barbara, yn 'e súdlike groep, is te lyts om in libbensfetbere populaasje foksen fan fretten te foarsjen.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilânfoks hat trochinoar in kop-romplingte fan 48–50 sm, mei in skofthichte is 12–15 sm. Mei dy ôfmjittings is de eilânfoks langer, mar ek lytser (leger) as de hûskat (Felis catus), dy't in kop-romplingte fan ±46 sm en in skofthichte fan ±24 sm hat. De sturt fan 'e eilânfoks is 11–29 sm lang, en dêrmei yn ferhâlding ta de lichemslingte folle koarter is as dy fan 'e nau besibbe grize foks (Urocyon cinereoargenteus). Dat hat dermei te krijen dat de eilânfoks oer it algemien 2 sturtwringen minder hat as de grize foks. It gewicht fan 'e eilânfoks bedraacht 1,0–2,8 kg. De soarte fertoant seksuele dimorfy yn 'e sin dat de rikel altyd grutter is as de moerfoks. Ek de ûndersoarten ferskille justjes yn grutte; fan alle seis ûndersoarten is dy fan it eilân Santa Cruz it grutst.

De pels fan 'e eilânfoks is griis op 'e kop, swart mei griis op 'e rêch en de siden, wyt om 'e snút hinne en op 'e hals, it boarst en de bealch, en rodzich oant oranje yn 'e nekke, op 'e legere siden en op 'e poaten. De sturt wurd karakterisearre troch in swarte streek oer de boppekant, dy't einiget yn in swarte sturtpunt. Oer it algemien is de pels fan 'e eilânfoks dûnkerder en saaier kleure as dy fan 'e grize foks. De eilânfoks ferhierret ienris yn it jier, tusken augustus en septimber. In diel fan 'e eksimplaren fan 'e ûndersoarten fan 'e súdlikste eilannen San Nicolas en San Clemente hat in faze wêryn't it normale griis en swart ferfongen is troch sânkleurich en dûnkerbrún hier. It is ûndúdlik oft dat in echte mutaasje fan 'e pelskleur is, in ferkleuring dy't feroarsake wurdt troch âlderdom, of it gefolch fan ynteraksjes mei stikels fan fiichkaktussen (Opuntia spp.) dy't yn 'e pels fêst komme te sitten en der mooglik in kleurstof oan ôfjouwe.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilânfoks komt foar yn alle biotopen dy't op 'e Kanaaleilannen foarkomme, fan tuskenbeiden wâld oant mei gerzen begroeide flakten en fan drûge, steppe-eftige kriten mei strewelleguod oant sân- en rotsstrannen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilânfoks libbet foar it meastepart solitêr. It is yn haadsaak in nachtdier, hoewol't syn aktiviteit hichtepunten berikt yn 'e krepuskulêre perioaden (jûnsskimer en moarnsdage). Dy aktiviteit makket ek mei de jiertiden beskate fluktuaasjes troch: de eilânfoks is by 't simmer faker op ljochtskyndei waar te nimmen as by 't winter. Eilânfoksen fêstigje territoaria dy't se ôfsette mei rookflaggen besteande út urine en dong.

Eilânfoksen binne net botte skou en fiele har net yntimidearre troch de oanwêzigens fan minsken. Hoewol't se by in earste yn-'e-kunde-kommen agresje foar in minske oer toane kinne, binne se eins tige goed te hantearjen en hiel maklik nuet te meitsjen.
Kommunikaasje giet by de eilânfoks troch auditive, fisuele en olfaktoaryske waarnimming. In dominante foks brûkt fokalisearrings, oanstoarjen en it tebektearen fan syn earen om in minder dominante soartgenoat derta te bewegen en ûnderwerp him. De wichtichste fokalisearrings fan dizze soarte binne blaffen en grânzgjen.
Eilânfoksen foarmje ornaris monogame pearkes, dy't it earste healjier fan it kalinderjier gauris tegearre waarnommen wurde kinne. De peartiid falt foar dizze soarte yn ein febrewaris en begjin maart. De draachtiid duorret 50–63 dagen. Yn in nêst, dat oanlein is yn in ûndergrûnske hoale of op in oar beskut plak, smyt de moerfoks 1–5, mar almeast 2–3 jongen, dy't troch de beide âlden tegearre grutbrocht wurde. Mei 50–65 dagen wurde se ôfwûn en om dyselde tiid hinne fertoane se har foar it earst bûtendoar. Mei 10 moannen binne de jongen geslachtsryp en binnen it jier nimme se yn 'e regel al oan 'e fuortplanting diel. Yn it wyld hat de eilânfoks in trochsneed libbensferwachting fan 4–6 jier, mar yn finzenskip kin er wol 8 jier libje.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dieet fan 'e eilânfoks is omnivoar en bestiet út fruchten, ynsekten, lytse fûgels, fûgelpiken, fûgelaaien, slakken, krabben, hagedissen, amfibyen en lytse sûchdieren, lykas wytpoatmûzen (Peromiscus spp.). Ek ies en ôffal dat efterlitten is troch minsken litte eilânfoksen net lizzen. Fierders skomje se de kustlinen fan har eilannen ôf op 'e siik nei ytber guod dat oanspield is. In artikel út 1920 út 'e Los Angeles Times (sjoch hjirre) makke gewach fan in steamskip, de Hermosa, dat by nacht by Moonstone Beach op Santa Catalina lâns fear. Troch de skynwerpers fan it skip dy't oer it wetter skynden, sprongen fleanende fisken út see op, en in diel dêrfan kaam op it strân fan it eilân telâne. Dêr stiene sa'n fyftich eilânfoksen al te wachtsjen om 'e fisken op te fretten, mei't dat blykber in ferskynsel wie dêr't se oan wend rekke wiene.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilânfoks hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't it ferspriedingsgebiet sa lyts is en de populaasje fragmintearre en kwetsber foar sykten. Oant 2013 beskôge de IUCN dizze soarte noch as krityk bedrige. Yn 'e 1990-er jierren wie it mei de eilânfoks nammentlik slim yn it neigean rekke. Fjouwer fan 'e ûndersoarten (fan 'e eilannen Santa Cruz, Santa Rosa, San Miguel en Santa Catalina) krigen yn 2004 fan 'e Amerikaanske federale oerheid beskerming as in bedrige bist.

De delgong fan 'e 1990-er jierren begûn op 'e trije noardlike eilannen. Op San Miguel telde de populaasje yn 1994 noch 450 eksimplaren, mar dêr wiene yn 1999 noch mar 15 fan oer. Op Santa Cruz gie de populaasje tebek fan 2.000 folwoeksen bisten yn 1994 nei minder as 135 yn 2000. Op Santa Rosa libben yn 1994 mear as 1.500 foksen, mar yn 2000 wie dat oantal belune ta noch mar 14. Tsjin 2004 wie it oantal foksen op San Miguel wer tanommen ta 38, mar libbe de hiele populaasje dêre yn finzenskip. Op Santa Cruz wiene dat jiers 25 foksen yn finzenskip en likernôch 100 foksen yn it wyld, wylst op Santa Rosa 46 foksen yn finzenskip en 7 yn it wyld libben.
De oarsaak fan 'e hommelse efterútgong fan 'e eilânfoks bliek yndirekt minsklik hanneljen te wêzen. Oarspronklik kaam op 'e eilannen de Amerikaanske see-earn (Haleaeetus leucocephalus) foar, waans dieet út fisk bestie dy't er fong yn 'e omlizzende see. Mar de populaasje Amerikaanske see-earnen op 'e Kalifornyske Kanaaleilannen krige yn 'e 1950-er jierren in slimme klap troch bleatstelling oan it lânbougif DDT, as gefolch wêrfan't de fûgel tsjin 'e ein fan 'e 1960-er jierren fan 'e eilannen ferdwûn. Dat liet in lege ekologyske nys efter, oant begjin 1990-er jierren de keningsearn (Aquila chrysaetos) syn ferspriedingsgebiet fan it fêstelân fan Kalifornje op natuerlike wize útwreide nei de noardlike Kanaaleilannen.
Mar de keningsearn fret gjin fisk. Ynstee bejage er de ferwyldere bargen (Sus scrofa domesticus) dy't sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw op Santa Rosa en Santa Cruz libben, nei't se dêr troch de minske yntrodusearre wiene. Mar de bargen, dy't sels ek de folle lytsere eilânfoksen bejagen en opfrieten, waarden omtrint 1994 om dy reden troch de National Park Service romme as ynvasive eksoaten. Dat liet foar de keningsearn (dy't fjouwer kear sa grut is as de eilânfoks) inkeld de foksen oer as gaadlike proai. De eilânfoksen wiene mei predaasje út 'e loft wei net evoluëarre en koene der net mei omgean, en waarden troch de earnen op in hier nei útrûge.
| eilân | tal foksen |
|---|---|
| Santa Rosa | 2.657 |
| Santa Cruz | 2.339 |
| Santa Catalina | 1.807 |
| San Clemente | 1.172 |
| San Nicolas | 450 |
| San Miguel | 277 |
| totaal | 8.702 |
In bykommende ramp wie de útbraak fan hûnesykte (of de sykte fan Carré) yn 1998 mank de populaasje eilânfoksen op it súdlike eilân Santa Catalina. De eilânfoksen hawwe gjin ymmuniteit tsjin sokke sykten, en likernôch 90% fan 'e populaasje kaam om, mei in weromgong fan 1.300 eksimplaren yn 1998 nei 103 yn 2000. Nei ferskate jierren fan it fangen fan 'e foksen om se te faksinearjen tsjin sawol hûnesykte as hûnsdûmens (of rabiës) klaude de populaasje op Santa Catalina wer by de wâl op.

Op it súdlike eilân San Clemente spile wer in oar probleem. Dêr bedrige de pleatslike foksepopulaasje it fuortbestean fan in oar bedrige bist, de San-Clementeskatekster (Lanius ludovicianus mearnsi) (in ûndersoarte fan 'e Amerikaanske skatekster). De Amerikaanske Marine, dy't it tafersjoch oer it eilân hie, sette dêrom útein mei it ôfmeitsjen fan 'e foksen, wat fansels op sa'n lytse en geografysk beheinde populaasje al rillegau problematysk waard. Yn 2000 hold de marine dêrom op mei dat belied en waard wat oars betocht. Sûnt wurde elektryske stekken om skateksterhabitats hinne pleatst en wurde foksen dy't yn 'e buert omhingje fongen en fêstholden salang't de briedtiid fan 'e fûgels duorret.
Yn 'e 2000-er jierren waard gâns tiid, jild en enerzjy ynvestearre yn it wer opbouwen fan 'e foksepopulaasjes en it yn 'e âlde steat werombringen fan 'e ekosystemen op 'e arsjipel. De yntroduksje fan eksoaten lykas de ferwyldere kat (Felis catus), it skiep (Ovis aries), de geit (Capra hicus) en de Amerikaanske bizon (Bison bison) (dêr't yn 'e 1920-er jierren troch in filmcrew út Hollywood foar de opnamen fan in western, in keppel fan yntrodusearre wie op Santa Catalina) hiene de ekosystemen gjin goed dien en dêrmei ek in negatyf effekt hân op 'e foksepopulaasjes. Mei't de arsjipel hast hielendal yn it besit is fan 'e Catalina Island Conservancy, in natoerbehearorganisaasje, koene de foksen de help krije dêr't se ferlet fan hiene. Tsjintwurdich hawwe alle seis eilannen útsein San Miguel wer in sûne foksepopulaasje. Der is suggerearre dat yntylt dy't feroarsake wurde kin troch de populaasjeflessehals fan 'e 1990-er jierren foarkomd wurde kin troch eksimplaren fan 'e ferskillende eilannen mei-inoar te krusen, sadat yn eltse eilânpopulaasje nij genetysk materiaal yntrodusearre wurdt.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 6 ûndersoarten fan 'e eilânfoks (Urocyon littoralis), dy't elts endemysk binne op ien beskaat eilân:
- San Clementefoks (U. l. clementae) (op San Clemente)
- San Miguelfoks (U. l. litoralis) (de nominaat; op San Miguel)
- San Nicolasfoks (U. l. dickeyi) (op San Nicolas)
- Santa Catalinafoks (U. l. catalinae) (Santa Catalina)
- Santa Cruzfoks (U. l. santacruzae) (op Santa Cruz)
- Santa Rosafoks (U. l. santarosae) (op Santa Rosa)
Eksimplaren fan alle ûndersoarten kinne fruchtbere neikommelingen mei-inoar produsearje, mar eltse ûndersoarte hat genetyske en fenotypyske skaaimerken dy't him unyk meitsje. Sa hat eltse ûndersoarte bgl. in ferskillend tal sturtwringen.

Relaasje mei minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike Yndiaanske befolking fan 'e Kalifornyske Kanaaleilannen wiene yn 'e histoaryske perioade de Krûzenjo-sprekkende Sjûmasj (Chumash). Mar it is frijwol wis dat dy har pas yn 'e rin fan it earste milennium op 'e eilannen nei wenjen setten hiene, nei't de Sjûmasj op it fêstelân leard hiene om seeweardige kano's te bouwen. Op 'e eilannen fermongen hja harren mei in lânseigen Yndiaanske kultuer, dy't dêr mooglik al sûnt de ein fan 'e lêste iistiid (11.700 jier lyn) bestie.
It stiet fêst dat dy oarspronklike bewenners fan 'e Kalifornyske Kanaaleilannen eilânfoksen as húsdier holden. De striidkwestje is oft sy ek de oarspronklike populaasjes grize foksen fan it fêstelân op 'e eilannen yntrodusearren, of dat de foksen de eilannen op eigen krêft berikten en dêrnei domestisearre waarden. De earste mooglikheid liket wierskynliker. Hoe dan ek, eilânfoksen waarden troch de Yndiaanske eilânbewenners tûzenen jierren lang foar ferskate doelen ynset, û.m. troch har pels te brûken foar it meitsjen fan seremoniële holdeksels. By argeologysk ûndersyk binne eilânfoksen (faak jonge eksimplaren) ek opsetlik begroeven oantroffen, soms yn itselde grêf as in minske. Argeologen tinke dat sokke foksen ritueel offere binne. Yn 'e leginden en myten fan 'e Sjûmasj spylje eilânfoksen in wichtige rol.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

