Springe nei ynhâld

Eilândwerchgroei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eilândwerchfoarming)
Skeletten fan 'e lytse Sisyljaanske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon falconeri). Dit bist kaam yn it Mid-Pleistoseen (500.000–200.000 jier lyn) foar op Sisylje en is de lytste bekende oaljefantesoarte. Mantsjes hiene in skofthichte fan likernôch 1 m en in gewicht fan sa'n 250 kg. Wyfkes wiene noch lytser en lichter.

Eilândwerchgroei of eilândwerchfoarming, in foarm fan fyletyske dwerchgroei, is in proses wêrby't populaasjes fan gruttere bisten dy't op eilannen isolearre rekke binne fan harren soartgenoaten op it fêstelân, troch evolúsje meitiid in (folle) lytsere lichemsgrutte ûntwikkelje. Dit wurdt feroarsake trochdat in gruttere lichemsgrutte, dy't by in mânsk ferspriedingsgebiet op it fêstelân in evolúsjonêr foardiel wêze kin, yn in areaal dat beheind is ta in lyts of relatyf lyts eilân in behindering wurdt. Dêrnjonken kin eilândwerchgroei ek foarkomme by oare populaasjes dy't isolearre reitsje yn in relatyf lyts gebiet, lykas yn in grottestelsel, in oäze yn 'e woastyn, in berchdelling of op in berch.

As in populaasje isolearre rekket op in eilân (of yn in oar behindich, troch lânskiplike eleminten beheind ferspriedingsgebiet) wurdt it yn beskate jiertiden dreech om genôch iten te finen om grutte bisten te ûnderhâlden, fral by 't winter of yn 'e drûge tiid. Lytsere bisten kinne ta mei minder iten en lytsere territoaria en meitsje dêrom in gruttere kâns om sokke periodike snuorjes fan itenskrapte te trochstean oant der troch in omslach fan it waar wer iten by 't folop beskikber komt. In lytsere lichemsgrutte kin ek foardielen hawwe op it mêd fan 'e fuortplanting, mei't lytsere bisten koartere draachtiden en generaasjelingten hawwe. Yn 'e tropen kin in lytsere lichemsgrutte fierders de regulearring fan 'e lichemstemperatuer makliker meitsje.

Mank herbivoaren is in gruttere lichemsgrutte benammen in foardiel yn 'e omgong mei konkurrinten en rôfdieren. As sokke bisten isolearre reitsje op in eilân dêr't gjin of mar kwealk konkurrinten en rôfdieren binne, ferliest in gruttere lichemsgrutte syn foardielen. As lytsere leden fan 'e populaasje net mear fuortkonkurrearre of opfretten wurde, kinne se har fuortplantsje en harren genen trochjaan oan harren neiteam, mei as gefolch dat de hiele populaasje stadichoan yn lichemsgrutte belunet. Foar karnivoaren giet it by in gruttere lichemsgrutte net sasear om it omgean mei konkurrinten, mar om it fange kinnen fan gruttere proaien. Op in eilân dêr't allinne mar lyterse proaien binne, wurdt in grut lichem dan in evolúsjonêr neidiel, dat troch it proses fan natuerlike seleksje stadichoan ferdwine sil.

Eilândwerchgroei en eilânreuzegroei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Einlândwerchgroei is ien fan 'e aspekten fan it algemienere "eilâneffekt", dat ek wol bekendstiet as de Wet fan Foster. Dy regel stelt dat wannear't bisten fan it fêstelân op in eilân isolearre reitsje, lytsere soarten grutter wurde sille wylst gruttere soarten lytser wurde. It grutter wurden fan bisten op eilannen hjit eilânreuzegroei of eilângigantisme. Sawol eilândwerchgroei as eilânreuzegroei binne foarmen fan it eilânsyndroom, dat de ferskillen beskriuwt yn morfology, fysiology, hâlden en dragen en ekology tusken eilânsoarten en soarten op it fêstelân.

In King-Islandemoe (D. n. minor) (swart), ferlike mei in emoe (Dromaius novaehollandiae) fan it Australyske fêstelân (griis) en mei it silhûet fan in minske.

Foarbylden fan eilândwerchgroei binne ferskate útstoarne slurfdieren, lykas de Syprioatyske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon cypriotes) fan Syprus, de Kretinzyske dwerchmammoet (Mammuthus creticus) en de Krentinzyske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon creutzburgi) fan Kreta, de Sardynske mammoet (Mammuthus lamarmorai) fan Sardynje, de grutte Sisyljaanske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon cf. mnaidriensis) en de lytse Sisyljaanske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon falconeri) fan Sisylje, de Malteeske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon mnaidriensis) fan Malta en de Kalifornyske dwerchmammoet (Mammuthus exilis) fan 'e Kalifornyske Kanaaleilannen. Oare foarbylden út it Pleistoseen binne it Malteesk dwerchnylhoars (Hippopotamus melitensis), it Sisyljaansk dwerchnylhoars (Hippopotamus pentlandi) en it Syprioatysk dwerchnylhoars (Hippopotamus minor) en it Kretinzysk dwerchhart (Candiacervus ropalophorus).

Resintere foarbylden binne de King-Islandemoe (Dromaius novaehollandiae minor) fan King Island by Tasmaanje (útstoarn yn 1822), de Sisyljaanske wolf (Canis lupus cristaldii), útstoarn omtrint 1970, de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus) fan it Meksikaanske eilân Cozumel (slim bedrige) en de eilânfoks (Urocyon littoralis), dy't foarkomt op seis fan 'e Kalifornyske Kanaaleilannen. Eilândwerchgroei komt ek foar by planten, lykas by de eilânoaljefantekaktus (Pachycereus pringlei) op 'e eilannen yn 'e Golf fan Kalifornje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.