Eigen huis & Tuin
| Eigen huis & Tuin | ||
| Logo sûnt 2019 | ||
| makkers | ||
| útfierend produsint | Blue Circle | |
| skaaimerken | ||
| seizoenen | 27 | |
| jierren | 1993-2025 | |
| spyltiid (ôfl.) | 60 min (oant 2020) 30 min | |
| lân/lannen | ||
| netwurk | RTL Nederlân | |
| stjoerder | RTL 4 | |
| taal | Nederlânsk | |
Eigen Huis & Tuin is in Nederlânsk telefyzjeprogramma oer putsjes yn en om it hûs, dat oan it begjin fan de sneontejûn útstjoerd waard op RTL 4. Sûnt 31 augustus 2020 is it programma troch de wike te sjen om 17.00 oere. Mei de fernijing/trochstart is it programma feroare fan in doch-it-sels putsjeprogramma nei in algemiener libbensgewoante programma.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1990 ôf wie der by RTL 4 it programma Je Eigen Huis te sjen dat har taspitste op putjses en ferbouwingen yn en om it hûs. Dat waard presintearre troch putsjeman Nico Zwinkels en Manon Thomas.
Yn dyselde tiid hie túnman Rob Verlinden tegearre mei Anniko van Santen (1992/1993) en letter Manon Thomas (1993) it programma Flora Magazine op RTL 4. Dat him taspitste op it kreëarjen fan tunen en advys oer planten en blommen.
Om't de produksjekosten fan beide programma's heech wiene en de opnametiid faak tagelyk wiene, kamen hja mei it idee om beide programma's te keppeljen.
Fan seizoen 1993/1994 ôf binne de twa programma's kombinearre ûnder de bekende titel Eigen Huis & Tuin. In froulike meipresintator kaam by de wurkjende manlju del om te freegjen wat se krekt oan it dwaan wiene. Sy ferve, makke kryststikjes, kapstokken, kastkes en sa. Dizze rol wie alderearst weilein foar Manuëla Kemp. Om't Kemp nei ien jier al oerstapte nei de KRO waard sy hjirnei ferfongen troch Myrna Goossen dy't ek nei ien seizoen al wer fuort gie. Mar Myrna kaam yn 1999 wer werom en presintearre it programma oant 2004.
Yn 2004 kaam in ein oan de besteande opset doe't túnman Verlinden en putsjeman Zwinkels in oerstap nei SBS 6 makken. Ek Myrna Goossen joech oan har mear rjochtsje te wollen op har programma Aperitivo. RTL stelde in nij team tegearre mei dêryn de túnman Lodewijk Hoekstra en putsjeman Thomas Verhoef en presintatrise Corine Boon.
Yn 2013 kamen der in twadde putsjeman(frou) (Miranda Leijstra) en in twadde túnman (Tom Groot). Dizze dûbele besetting duorre ien seizoen. Fan seizoen 2016/2017 ôf bestie it team út presintatrise Evelyn Struik, túnman Tom Groot en putsjeman Thomas Verhoef. Dit team soe sa bliuwe oant en mei de ein fan it programma yn de wyklikse ferzje yn juny 2020.
Fan 31 augustus 2020 ôf waard it in deistich libbensgewoante programma ûnder de namme Eigen huis en tuin: Lekker leven. En wurdt alle wurkdagen útstjoerd fan 17.00 oant 18.00 oere op RTL 4. De presintaasje leit yn hannen fan Froukje de Both, televyzjekok Hugo Kennis en túnman Tom Groot. Begjin maart 2025 waard bekind makke dat it programma yn maaie fan dat jier ophâlde sil.[1]
Presintaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Presintatrise
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Putsjeman/frou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Túnman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rob Verlinden (1993-2004)
- Lodewijk Hoekstra (2004-2016)
- Tom Groot (2015-2025)
Kok
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hugo Kennis (2020-2025)
Voice-over (net folslein)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
