Springe nei ynhâld

Eibertsbekiisfûgel

Ut Wikipedy
Eibertsbekiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaieibertiisfûgels (Pelargopsis)
soarte
Pelargopsis capensis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige

De eibertsbekiisfûgel (Pelargopsis capensis, foarhinne: Halcyon capensis) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De soarte waard yn 1766 foar it earst beskreaun troch Linnaeus.

Eibertsbekiisfûgel yn Bangladesj.

De eibertsbekiisfûgel is mei in lingte fan 35 sm in grutte iisfûgelsoarte. Folwoeksen fûgels hat in griene rêch, blauwe wjukken, in blauwe sturt en in oliifbrune kop. De grutte snaffel en poaten binne helderread. Der binne gjin ferskillen yn it fearrekleed fan mantsjes en wyfkes.

De soarte libbet yn 'e tropyske gebieten fan it Yndyske subkontinint en Súdeast-Aazje, fan Yndia en Sry Lanka oant Yndoneezje. De soarte libbet yn beboske gebieten yn 'e omkriten fan marren, rivieren en kusten.

Der binne 13 ûndersoarten, dy't yn detail ferskille yn 'e kleur fan 'e fearren. De P.c. gigantea fan 'e Sulu-arsjipel op 'e Filipinen hat lykwols in wite kop, nekke en ûnderkant.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eibertsbekiisfûgel mei proai.

De soarte is territoriaal en jaget op fisk, kikkerts, krabben, kjifdieren en jonge fûgels. Syn nêst wurdt yn 'e igge fan'e rivier groeven of yn in rotsjende beam of in termitenêst boud. Trochstrings leit it wyfke tusken twa en fiif aaien.

Se binne foar it grutste part sedentêr, mar ferlitte by drûchte it gebiet op syk nei wetter.

De eibertsbekiisfûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje is net bekend, mar oannommen wurdt dat de soarte yn oantal efterút giet. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (2016).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: