Springe nei ynhâld

Egina

Ut Wikipedy
Egina
Αίγινα
haven.
haven.
geografy
lokaasjeSaroanyske Golf
ûnderdiel fanSaroanyske eilannen
lânflagge fan Grikelân Grikelân
koördinaten37°43' N 23°29' E
algemien
haadstêdEgina-Stêd
ynwennertal12.912 (2024) [1]
sifers
oerflak87.54 km²
webside
www.aegina.com.g
kaart
Egina (Grikelân)
Egina

Egina is in Gryksk eilân yn 'e Saroanyske Golf, net fier fan 'e haven fan Piraeus. It eilân wurdt in soad besocht troch ynwenners fan Atene om't it eilân relatyf maklik te berikken is. It eilân hat in oerflak fan rûchwei 87 km². It stiet bekend fanwegen de tylt fan pistachenuten; der binne op it eilân in soad hôvings en oeral kinne lokale produkten preaun wurde.

Neffens it ferhaal komt de namme fan de nimf Egina, in dochter fan 'e riviergod Asopos. Yn 'e âldheid wie it eilân in maritime hannelsmacht en in rivaal fan Atene.

Egina-stêd wie fan 1827 oant 1829 de earste haadstêd fan it moderne Grikelân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Agios Nektarioskatedraal is in ûnbidich grutte tsjerke en tagelyk in beafeartsplak foar de hillige Nektarios.
  • By Egina-stêd binne opgravingen fan in Apollotimpel. Om't der noch mar ien pylder stiet, wurdt de opgraving Kolona neamd. Ek binne op dy lokasje resten fan in prehistoaryske delsetting fûn.
  • Palaiochora, de âlde stêd, leit likernôch 8 km eastlik fan Egina-stêd. It wie oant 1821 it haadplak fan it eilân. De bewenners ferhûzen doe nei de haven fan Egina. Dêr steane op in lyts oerflak likernôch 30 tsjerkjes, faak restaurearre. Ek is dêr in ruïne fan in Fenesjaanske fêsting út 1654.
  • It fiskerdoarpke Perdika leit likernôch 9 km fan 'e stêd. 7 septimber is de dei fan 'e patroanhillige fan it doarp, de hillige Sostis, en dan is der grut feest.
  • De Afaiatimpel waard om 500 f.Kr. boud en is in goed bewarre Doaryske timpel op in heuvel mei útsjoch oer see. De timpel wie eartiids fersierd mei bylden, mar dy binne yn 1811 meinommen troch in Ingelske arsjitekt en Dútske baron, dy't dêr opgravingen útfierden. Se binne letter ferkocht oan 'e Dútske kening en steane hjoed-de-dei yn in museum fan München.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Saroanyske eilannen

AngistriDokosEginaHydraPorosSalamisSpetsesChamiliSpetsopoulaTrikeriAgios Georgios
· · Berjocht bewurkje