Springe nei ynhâld

Eersel (gemeente)

Ut Wikipedy
Eersel
Irsel
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
HaadplakEersel
Oerflak83,33 km²[1]
    dêrfan lân82,46 km²
    dêrfan wetter0,87 km²
Ynwennertal20.216 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens269 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s)040, 0497
Postkoade(s)5511-5525
www.eersel.nl

Eersel (Brabânsk: Irsel) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente Eersel is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Eindhoven en leit yn 'e Kempen.

De gemeente Eersel sels bestiet al sûnt 1810, doe't se ûnder it Frânske bestjoer as selsstannige gemeente oprjochte waard. De eardere gemeente Duizel en Steensel waard yn 1923 by de gemeente Eersel foege. Yn 1997 waard yn it ramt fan 'e weryndielings yn Noard-Brabân de eardere gemeente Vessem, Wintelre en Knegsel opheft en yndield by de gemeente Eersel.

De gemeente Eersel wurdt begrinzge troch de gemeenten Bergeijk, Bladel, Oirschot, Veldhoven en Eindhoven en leit fuort oan 'e A67 (rykswei Fenlo-Turnhout).

De gemeente bestiet út de folgjende plakken:

  • Eersel
  • Duizel
  • Knegsel
  • Steensel
  • Vessem
  • Wintelre.

Wapen en flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1988 krige Eersel in nij gemeentewapen. Yn itselde jier waard ek in nije gemeenteflagge yntrodusearre. De flagge komt oerien mei it lytse skyld yn it gemeentewapen.

  • De Cartierheide is in útwrydsk heidegebiet mei bosken en dobben dat troch Staatsboskbehear beheard wurdt. It is ûnderdiel fan it Natura 2000-gebiet Kempenland-West en is bekend om syn rike fûgel- en ynsektenlibben, lykas de lytse parlemoerflinter en de swarte spjocht.
  • De Buikheide leit tusken Vessem en Wintelre en foarmet it grutste boskgebiet fan 'e gemeente. It bestiet benammen út jongere naaldbosken, mar ek út heide en dobben.
  • De Groot- en Kleinmeer foarmje twa dobben mei heide dêrom hinne. De grutte hoemannichte kalk yn it wetter meitsje in biotoop foar seldsume plantesoarten mooglik.
  • De Leemskuilen foarmje in heidegebiet fan archeologysk belang, dêr't resten fan midsiuwske stienovens fûn binne.
  • De Rouwven is in fochtich heidegebiet dat oan 'e Oirschotse Heide grinzget. It is wichtich foar de biodiversiteit en wurdt restaurearre om ferdrûging op te kearen.

Oare gebieten: Hoolven, Wolfhoekse Heide, Bussereindse Heide en de Knegelsche Heide.

It Plan Bos & Boom is in plan fan 'e gemeente om 400.000 ekstra beammen te plantsjen, it lânskip te fersterkjen en bosken te fergrutsjen. Underdiel is ek it oanlizzen fan nije natoer yn 'e beekdellings fan 'e Kleine Beerze en De Run.

It stienûltsje is yn 2008 troch de ynwenners keazen as ambassadeursoarte fan 'e biodiviersiteit yn Eersel.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It Marktplein fan Eersel is in plein mei karakteristike gebouwen.
  • De Sint-Willibrordustsjerke is in tsjerke mei in 14e-iuwske tsjerke en in bysûnder oargel.
  • De goatyske kapel fan Us-Leaffrou fan 'e Kempen is boud yn 1464 en krige yn 'e rin fan 'e tiid ek oare funksjes. Sûnt 1948 wurdt it gebou wer brûkt as kapel.

It Kempenmuseum De Acht Zaligheden yn Eersel jout ynformaasje oer it libben fan 'e minsken yn 'e Kempen tusken 1850 en 1950. It museum is ûnderbrocht yn in autentyk boerespul en lit sjen hoe't de bewenners fan dy eartiids earme streek de tiid troch kamen mei hurd bodzjen en gearwurking. Besikers kinne ûnder oaren in skûlkelder en in blommetún besjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje