Edwin Landseer
| Edwin Landseer | ||
| Sir Edwin Landseer, 1870 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 7 maart 1802 | |
| berteplak | Londen | |
| stoarn | 1 oktober 1873 (71 jier) | |
| stjerplak | Londen | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | Keunstskilder, byldhouwer | |
| streaming | Animalier | |
| prizen | Grutte gouden medalje fan de Exposition Universelle (Parys, 1855) | |
Sir Edwin Henry Landseer (Londen, 7 maart 1802 - dêre, 1 oktober 1873) wie in Ingelske keunstskilder, etser en byldhouwer. Hy wie spesjalisearre yn it skilderjen fan bisten, benammen hynders, hûnen en harten, mar makke ek portretten, ûnder oare fan Sir Walter Scott, en histoarjestikken. As byldhouwer is er benammen bekend fan de ferneamde liuwen oan de foet fan Nelson's Column op it Londenske Trafalgar Square, dy't yn 1867 ûntbleate waarden.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Landseer wie in soan fan de graveur en skriuwer John Landseer (1769-1852) en waard yn syn jeugd beskôge as in wûnderbern. Hy studearre by syn heit en by de histoarjeskilder Benjamin Haydon. Doe't er noch mar 13 jier wie eksposearre er syn earste wurken by de Royal Academy of Arts.
Hy besocht Skotlân, 20 jier âld, en rekke besiele troch it lânskip, dat er geregeld werjoech yn syn bisteportretten. Tige ferneamde waard syn skilderij Monarch of the Glen (1851).
Doe't er 24 wie, waard Landseer keazen ta assosjearre lid fan de akademy en yn 1831 ta folslein lid. Hy wie in favoryt fan keninginne Fiktoaria, dy't him yn 1850 ta ridder ferhefte; sûnt dy tiid mocht er de titel sir fiere. Yn 1866 waard er keazen ta foarsitter fan de akademy, mar hy betanke foar de eare, dat dy posysje gie nei Francis Grant
Lânseers wurk berikte in grutte populariteit yn brede rûnte en in soad fan syn wurken fûnen yn de foarm fan etsen en litografyen har wei nei de muorren fan withoefolle húshâldingen.
De keunstner krige al op frij jonge jierren psychyske problemen, dêr't hy de rest fan syn libben mei wrakselje soe. Hy wie in hie swiere depresjes, dy't op lettere jierren slimmer waard troch alkohol - en drugsgebrûk.[1] Hy wurke lykwols troch. Koart foar syn dea, yn 1872, liet syn famylje him kranksinnich ferklearje. [2]
Landseer ferstoar yn St John's Wood yn Londen en waard mei grutte eare byset yn St Paul's Cathedral.
By syn dea liet Landseer trije ûnfoltôge skilderijen efter: Finding the Otter, Nell Gwynne, en The Dead Buck, allegear op skildersezels yn syn atelier. It wie syn lêste winsk dat syn freon John Everett Millais de skilderijen foltôgje soe, en dat die er.[3] It hûneras landseer is nei Edwin Landseer ferneamd.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Falcon, 1837
- A Distinguished Member of the Humane Society, 1838
- Trial by Jury, 1840
- Queen Victoria on Horseback, um 1840
- Windsor Castle in Modern Times, 1841–1845
- Eos, A Favorite Greyhound of Prince Albert, 1841
- Monarch of the Glen, 1851
- Ien fan Landseer ûntwurpen brûzen liuwen op Trafalgar Square, 1866
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edwin Landseer fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
