Edward S. Godfrey

Ut Wikipedy
Edward S. Godfrey
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Edward Settle Godfrey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 oktober 1843
berteplak Kalida (Ohio)
stoarn 1 april 1932
stjerplak Cookstown (Nij-Jersey)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 1861 & 18671907
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang brigadegeneraal (sûnt 1907)
befel K Komp./Am. 7e Kav.reg.
Am. 9e Kavaleryrezjimint
Departemint f.d. Missoury
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
Geastedûnsoarloch
Spaansk-Amerikaanske Oarloch
Filipynsk-Amerikaanske Oarloch
treffen(s) Bloedbad fan de Washita
Slach oan de Little Bighorn
Slach by Bear Paw
Bloedbad fan Wounded Knee
ûnderskiedings Medal of Honor 1894

Edward S. Godfrey (folút: Edward Settle Godfrey; Kalida (Ohio), 9 oktober 1843Cookstown (Nij-Jersey), 1 april 1932) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, de Nez Persé-Oarloch, de Spaansk-Amerikaanske Oarloch en de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch. Hy wie belutsen by sawol it Bloedbad fan de Washita, yn 1868, as it Bloedbad fan Wounded Knee, yn 1890. Teffens oerlibbe Godfrey de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, om úteinlik op te klimmen ta de rang fan brigadegeneraal. Yn 1894 waard him de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Godfrey waard yn 1843 berne yn Kalida, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan Charles Godfrey en dy syn frou Mary Chambers. Oan it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) naam er as sljochtwei soldaat tsjinst yn it Noardlike Leger. Yn dy hoedanichheid tsjinne er fan april oant augustus 1861 by it 21e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Ohio. Fanwegen de feardichheden dy't er ûnder syn tsjinsttiid betoand hie, waard er yn 1863 talitten ta de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1867 ôfstudearre as op 52 nei bêste learling út in klasse fan 63.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid waard Godfrey op 17 juny 1867 as twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dat earst yn Fort Riley, yn Kansas, legere wie, mar yn 1873 oerpleatst waard nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Yn 1868 naam er diel oan it Bloedbad fan de Washita, wêrby't it rezjimint it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen oanfoel en foar in diel útmoarde. Neitiid wie Godfrey fan 1871 oant 1873 yn detasjearre tsjinst yn Yorkville, yn 'e steat Súd-Karolina, dêr't er diel útmakke fan 'e Noardlike besettingsmacht yn it yn 'e Boargeroarloch fersleine Suden. Nei syn weromkear by de 7e Kavalery naam Godfrey yn 1873 diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje nei Montana, en yn 1874 oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, wêrby't goud yn 'e foar de Lakota hillige Black Hills fûn waard, mei de Goudkoarts fan 'e Black Hills ta gefolch.

Under de Grutte Sû-Oarloch naam Godfrey as befelhawwer fan K Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint diel oan 'e simmerkampanje fan 1876, wêrby't er op 25 en 26 juny meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Hoewol't Custer sels mei in detasjemint besteande út fiif kompanjyen op in heuveltop besingele rekke en troch de Yndianen folslein ferdylge waard, oerlibbe Godfrey de slach om't er ta it detasjemint fan kaptein Frederick Benteen hearde. Dat waard mei it detasjemint fan majoar Marcus Reno twa dagen lang op in oare heuvel belegere, mar wist stân te hâlden oant it ûntset waard troch farske Amerikaanske troepen ûnder lieding fan brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon. Neitiid skreau Godfrey in ferslach fan syn ûnderfinings ûnder de fjildslach, dat yn jannewaris 1892 publisearre waard yn it tydskrift Century Magazine, en dêrnei noch ferskate kearen yn oare publikaasjes werprinte waard. Mei dat skriuwen oefene Godfrey in grutte ynfloed út op 'e publike persepsje fan 'e Slach oan de Little Bighorn en it liederskip fan Custer.

Edward S. Godfrey yn 1876.

Yn 1877 focht Godfrey mei de rang fan kaptein yn westlik Montana mei yn 'e Nez Persé-Oarloch, tsjin 'e Nez Persé, wêrby't er op 30 septimber 1877 slim ferwûne rekke yn 'e Slach by Bear Paw. Nettsjinsteande dat ferbiet er de pine en behold er de rest fan 'e slach it befel oer syn kompanjy. Yn 1894 waard him dêrfoar de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Fan 1879 oant 1883 wie Godfrey dosint kavalerytaktyk oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Neitiid naam er yn 1890 diel oan it Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern.

Yn febrewaris 1890 waard Godfrey befoardere ta majoar. Under de Spaansk-Amerikaanske Oarloch tsjinne er yn 1898 yn Kuba, as befelhawwer fan it út saneamde buffalo soldiers besteande Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint, en fan 1901 oant 1903 focht er ûnder de Amerikaansk-Filipynske Oarloch op 'e Filipinen. Op 17 jannewaris 1907 waard Godfrey befoardere ta de rang fan brigadegeneraal en krige er it befel oer it militêre Departemint fan de Missoury. Hy swaaide op 9 oktober 1907 ôf. Under de Earste Wrâldoarloch fierde er by de seremoniële begraffenis fan 'e Unbekende Soldaat, te Arlington, twa pelotons fan Medal of Honor-winners oan.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Godfrey troude twa kear. Syn earste frou stoar foar 1892. Yn 1932 wiene syn oerlibjende bern út syn earste houlik Mary Godfrey en Edward S. Godfrey jr., dy't dokter wurden wie. Op 6 oktober 1892 wertroude Godfrey mei in Ida D. Emely (1856-1941), dy't him oerlibje soe.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Godfrey stoar op 1 april 1932 thús, yn it doarp Cookstown, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Hy waard mei alle militêre eare begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by Washington, D.C. Nei har ferstjerren kaam syn twadde frou dêr njonken him te lizzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.