Edward Powys Mathers
Edward Powys Mathers (Londen (Forest Hill), 28 augustus 1892 - Hampstead, 3 febrewaris 1939) wie in Ingelske oersetter, dichter, resinsint en pionier yn it ûntwerpen fan kryptyske krúswurdpuzels.
Powys Mathers waard berne yn Forest Hill, Londen as soan fan Edward Peter Mathers, in krante-eigener en Mary Powys. Hy waard oplaat oan de Loretto School en it Trinity College yn Oxford.
Oersetter en dichter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy sette de Frânske ferzje oer fan J.C. Mardrus syn Tûzen-en-ien Nacht. Syn Ingelske ferzje fan Mardrus waard publisearre yn 1923 en stiet bekend as Mardrus/Mathers. Ek sette er The Garden of Bright Waters: One Hundred and Twenty Asiatic Love Poems (1920) oer; en fan de Kasjmyrske dichter Bilhana: Bilhana: Black Marigolds (1919), in frije ynterpretaasje yn de tradysje fan Edward FitzGerald, wiidweidich oanhelle yn John Steinbeck syn roman Cannery Row. It wiene gjin wittenskiplike wurken en binne yn guon gefallen basearre op tuskenferzjes yn Europeeske talen. Guon fan syn oersettingen waarden op muzyk set troch Aaron Copland.
Kryptograaf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mathers makke puzels foar The Saturday Westminster yn 1925 en foar The Observer fan 1926 oant syn dea yn 1939.
Yn 1924 makke er syn earste ’cryptic crossword puzzle’. [1] Under it pseudonym 'Torquemada' ûntwurp er yn 1925 puzels foar de krante The Saturday Westminster. Fan 1926 oant syn dea ferskynden syn kryptyske krúswurdpuzels yn The Observer. Yn syn tiid waarden de omskriuwings hieltiten faker jûn yn de foarm fan anagrammen, klassike taspilings, ûnfolsleine sitaten en oare ferwizings en wurdboarterijen.
‘Torq’ wie de earste dy't in puzel makke mei allinnich kryptyske omskriuwings en wurdt faak sjoen as de betinker fan de kryptyske krúswurdpuzel. [2] Syn puzels waarden berucht om de swierrichheidsgraad en ynnovative gebrûk fan kryptyske oanwizings.[3] Mathers redigearre ek in searje kryptyske krúswurdpuzelboeken. Sa wied er de skriuwer fan Crosswords for Riper Years (1925) en The Torquemada Puzzle Book (1934), dat de moardmystearjepuzel Cain's Jawbone omfette.[4]
Under syn skûlnamme Torquemada bespruts er as resinsint fan 1934 oant 1939 detektiveferhalen. Yn 1934 brocht Mathers de roman Cain's Jawbone út, dat tagelyk in moardmystearje en literêre puzel wie. De siden wiene wiene yn in folslein willekeurige folchoarder printe. Troch logika en yntelligint lêzen - de 100 siden yn 'e iennichste goede folchoarder te sortearjen - koene seis moardslachtoffers en harren respektivelike moardners identifisearre wurde.[5]. It boek ferskynde letter yn it Nederlânsk ûnder de titel Kaïns Kaakbot.[6]
Syn wiere identiteit waard pas iepenbiere doe't hy yn 1939 ferstoar. Yn 1919 troude Mathers mei kolonelsdochter Rosamond Crowdy. Hy ferstoar yn syn sliep yn syn hûs yn Hampstead.
Bibliografy (seleksje)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Book of the Thousand Nights and One Night (1947)
- Cain's Jawbone: A Novel Problem ISBN 9781800182912
- Kaïns Kaakbot ISBN 9789045328041
- The Cain's Jawbone Book of Crosswords ISBN 9781789651669
- The Garden of Bright Waters ISBN 9781016452045
- Black Marigolds and Coloured Stars ISBN 978-0856463723
- The Garden of bright waters : one hundred and twenty Asiatic love poems ISBN 9781016452045
- Anthology of eastern love : English versions & terminal essays
- Coloured Stars, Versions of Fifty Asiatic Love Poems
- Walking Up A Hill At Dawn
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |