Edward Pierson Ramsay

Edward Pierson Ramsay (Sydney, 3 desimber 1842 – dêre, 16 desimber 1916) wie in Australyske soölooch en museumkonservator dy't in soad betsjut hat foar it sammeljen en beskriuwen fan fûgels, ynsekten en fisken fan Australië. Hy wie de earste yn dat lân berne konservator fan it Australian Museum.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ramsay waard berne yn Sydney en gie dêr nei de middelbere skoalle en studearre tusken 1863 en 1865 genêskunde oan de Universiteit fan Sydney. Hy die gjin doktoraal eksamen. Yn 1868 died er mei oan it opsetten fan in sûkerreidplantaazje yn Queensland, mar dat waard gjin sukses.
Al yn 1863 wie er aktyf as oprjochter en ponghâlder fan de Entomologyske Feriening fan New South Wales. Fierder skreau er fan 1865 ôf artikels yn wittenskiplike tydskriften, hoewol't er gjin formele akademyske oplieding hie yn de soölogy. Hy sammele mei grut entûsjasme fûgels en harren aaien. Yn 1866 waard hy korrespondearjend lid fan de prestizjeuze Zoological Society of London wêrtroch't er yn 'e kunde kaam mei natuerûndersikers fan namme lykas John Gould en Richard Owen. Yn 1874 wie er ien fan de oprjochters fan de Linnean Society of New South Wales (neffens foarbyld fan de Linnean Society of London).
Yn 1874 krige er in baan as konservator oan it Australian Museum. Hy bleau dêr as konservator oant 1894, doe't er om sûnensredenen ophâlde moast. Oant 1909 bleau er as advisearjend ornitholooch oan it museum ferbûn.
Hy ferstoar yn 1916 yn Sydney oan maachkanker. Hy waard beïerdige op it Presbyteriaanske begraafplak (Haberfield).
Syn soan John Simeon Pierson Ramsay waard ek in bekende ornitholooch, dy't him spesjalisearre yn fotografy.
Wurk en neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ramsay hat de museumkolleksje flink útwreide. Sa krige er 17.600 balgen fan fûgels út de priveekolleksje fan himsels en syn bruorren. Fierder soarge er foar de útwreiding mei folkekundige objekten lykas tradisjonele wapens, klean, gebrûksfoarwerpen en sieraden ôfkomstich út Polynesië en Australië.
Hy makke de fûgelsamling fan it museum tagonklik troch it meitsjen fan in katalogus fan fjouwer dielen. Doe't er yn 1883 Londen besocht foar in ynternasjonale fiskerijtentoanstelling trof er de militêre dokter en amateurichtyolooch Francis Day dy't in enoarme kolleksje spesimen fan fisksoarten út Yndia, Myanmar, Maleizië en oare gebieten út Súd-Azië besiet. It slagge Ramsay dat in part dêrfan yn it museum yn Sydney bedarre, dêr't 150 type-eksimplaren by wiene.
Hy beskreau 36 nije fûgelsoarten en in mearfâld oan ûndersoarten, [1] en ek oare rêchbonkedieren.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edward Pierson Ramsay fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
