Edward Blyth
| Edward Blyth | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 23 desimber 1810 | |
| berteplak | Londen | |
| stoarn | 27 desimber 1873 (63 jier) | |
| stjerplak | Londen | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Soölooch, apteker | |
| bekendste wurk(en) | Catalogue of the Birds of the Asiatic Society, 1849; The natural history of the Cranes, 1881 | |
Edward Blyth (Londen, 23 desimber 1810 – dêre, 27 desimber 1873) wie in Britske soölooch, apteker en hanneler yn spesimins en libbene bisten. Hy wie ien fan de grûnlizzers fan de soölogy yn Yndia. Hy wie benammen dwaande mei ornitology.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blyth waard berne yn Londen as soan fan in skroar. Hy besocht earst in karriêre op te bouwen as apoteker, mar hold dêr yn 1837 op om him te rjochtsjen op in karriêre as skriuwer en redakteur. Hy krige yn 1841 in baan oanbean as konservator by it museum fan de Asiatic Society of Bengal yn Kalkutta, Yndia. Foar dit museum makke Blyth in katalogus oer de Aziatyske fûgelsoarten dy't yn it museum te sjen wiene. Hy mocht sels net in soad fjildwurk dwaan, mar krige syn ynformaasje foar de katalogus fan Hume, Tickell, Swinhoe en oaren.
Yn 1854 troude Blyth en besocht er syn lege salaris as konservator wat oan te foljen troch ûnder in pseudonym te skriuwen foar de Indian Sporting Review. Hy regele ek de hannel fan eksoatyske bisten tusken Yndia en rike Britske samlers. Dêrtroch kaam er yn kontakt mei ûnder oaren Charles Darwin en John Gould.
Op de IOC World Bird List steane 196 troch Blyth beskreaune fûgels dy't anno 2013 as soart jilde.
Yn 1863 twong syn fermindere sûnens Blyth om syn baan as konservator op te jaan en werom nei Ingelân te gean en dêr fierder te gean mei syn hannel yn spesimins en libbene bisten.
Hy ferstoar yn 1873 oan in hertsykte.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|