Springe nei ynhâld

Eduard Rüppell

Ut Wikipedy
Eduard Rüppell
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne20 novimber 1794
berteplakFrankfurt am Main
stoarn10 desimber 1884 (90 jier)
stjerplakFrankfurt am Main
wurkpaad
berop/amtSoölooch, natuerûndersiker
aktyf asUntdekkingsreizger

Wilhelm Peter Eduard Simon Rüppell, ek wol stavere as Rueppell (Frankfurt am Main, 20 novimber 1794 – dêre, 10 desimber 1884) wie in Dútske natuerûndersiker en ûntdekkingsreizger dy't it meast bekend waard om syn kolleksjes en beskriuwingen fan planten en bisten út Afrika en Araabje.

De âlden fan Rüppell wiene Simon Rüppell (1759–1812) en syn frou Elisabeth Arstenius (ferstoarn 1812), út Hanau. Syn heit wie sûnt 1780 haadpostmaster fan Hessen-Kassel en stifte yn 1798 tegearre mei syn sweager Louis Harnier (1768–1855) it bankhûs "Rüppell & Harnier" yn Frankfurt. Hy waard hofbankier fan 'e lângreve fan Hessen en geheim riedslid fan Finânsjes (Geheimer Finanzrat). In famyljelid, Wilhelm von Harnier, wie ek in ûntdekkingsreizger yn Afrika.

Rüppell folge ynearsten in oplieding yn it bankwêzen. As finansjeel ûnôfhinklik man ûndernaam er syn earste reis nei Egypte yn 1817. Fan 1822 oant 1827 die er ûndersyk nei it libben yn de Golf fan Akaba, de Reade See en Nubië. Nei it bestudearjen en ferwurkjen fan 'e kolleksjes gie er fan 1831 oant 1834 op in oare reis, dizze kear nei Abessynje, wêrfan't er ûnder oaren in oantal manuskripten (û.o. in psalter fan 'e Abessynyske keizer Hizkia, dy't regearre fan 1780-1786) werombrocht dy't no yn 'e Universiteitsbibleteek fan Frankfurt binne. [1]

Yn 1841 waard er plakferfangend direkteur fan 'e Senckenbergische Naturforschende Gesellschaft (SNG), dy't er mei-oprjochte. Tusken 1849 en 1850 makke er syn lêste reis troch Afrika. De sammele opsette eksimplaren fan syn reizen wiene it begjin fan 'e kolleksje fan it Naturmuseum Senckenberg yn Frankfurt.

Nei skeel mei de SNG wijde er him oan 'e numismatyk. Hy skonk munten fan 'e Ptolemaeën en fan 'e Romeinske keizer yn Aleksandrje oan syn berteplak Frankfurt. Nei de anneksaasje fan Frankfurt troch Prusen yn 1866 flechte hy nei Zürich, mar kaam rillegau werom. Nei 1870 libbe er bot op himsels yn Frankfurt, mar waard eare foar syn bydragen op it mêd fan dierkunde, mineralogy, paleografy, geografy en numismatyk.

Wichtichste publikaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Atlas zu der Reise im nördlichen Afrika. Brönner, Frankfurt 1826-1828.
  • Reise in Nubien, Kordofan und dem peträischen Arabien vorzüglich in geographisch-statistischer Hinsicht. Friedrich Wilmans, Frankfurt/M. 1829.
  • Reise in Abyssinien. 2 Bde. + Atlas. Frankfurt, Schmerber 1838-1840.
  • Neue Wirbelthiere zu der Fauna von Abessinien gehörig. Schmerber, Frankfurt 1835-1840.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lazarus Goldschmidt: Die abessinischen Handschriften der Stadtbibliothek zu Frankfurt am Main (Rüppell’sche Sammlung). Berlin 1897 (Digitalisat); Bernhard Tönnies: Von äthiopischen Handschriften und ausgelagerten Büchern. Die Auslagerung der Frankfurter Bibliotheken im Zweiten Weltkrieg und die Sammlung Rüppell: der Verlust einiger Handschriften und ihre Wiederauffindung (Frankfurter Bibliotheksschriften Bd.8), Frankfurt am Main 2016; Wertvolle Handschriften wieder in Frankfurt yn: Frankfurter Allgemeine Zeitung fan 27 augustus 2011, s. 43; Verlust und Wiederauffindung äthiopischer Handschriften aus der Sammlung Rüppell.