Springe nei ynhâld

Edgar Ravenswood Waite

Ut Wikipedy
Edgar Ravenswood Waite
persoanlike bysûnderheden
berne5 maaie 1866
berteplakLeeds
stoarn19 jannewaris 1928 (63 jier)
stjerplakHobart (Tasmaanje)
wurkpaad
berop/amtBiolooch

Edgar Ravenswood Waite (5 maaie 186619 jannewaris 1928) wie in Britsk/Australyske mammalooch, ichtyolooch, herpetolooch en ornitolooch.

Waite waard berne yn Leeds, Yorkshire, Ingelân, as twadde soan fan John Waite, in bankklerk, en syn frou Jane, berne Vause. Waite waard oplaat oan de Leeds Parish Church Middle Class School en oan de Victoria University fan Manchester. Yn 1888 waard er beneamd ta subkurator fan it Leeds Museum en trije jier letter waard er kurator. Op 7 april 1892 troude Waite mei Rose Edith Green yn 'e parochytsjerke fan St. Matthew yn Leeds. Yn 1893 waard Waite soölooch oan it Australian Museum yn Sydney, dêr't er fan 1893 oant 1906 kurator ichtyology wie.

Waite begeliede Charles Hedley fan it Australysk Museum op 'e Funafuti Koraalrifboarekspedysje fan 1896 fan 'e Royal Society ûnder professor William Sollas en professor Edgeworth David. Nei de ekspedysje nei Fûnafûti yn 'e Ellice-eilannen (no bekend as Tûvalû) publisearre Waite in ferslach fan 'e sûchdieren, reptilen en fisken fan Fûnafûti (titel: The mammals, reptiles, and fishes of Funafuti). Op it mêd fan herpetology beskreau Waite ferskate nije soarten reptilen. Yn 1898 publisearre er Popular Account of Australian Snakes.

Hy gie mei oan 'e sleepnetfiskjen-ekspedysje troch de H.M.C.S Thetis en skreau der it rapport fan. Hy rapportearre ek oer de fisken dy't fanwege de West-Australyske regearing mei it sleepnetfiskjen fongen waarden. Hy wie belutsen by ferskate ekspedysjes nei sub-Antarktyske eilannen - ynklusyf de wittenskiplike ekspedysje nei de sub-Antarktyske eilannen fan 1907, Nij-Guinea en it Australyske binnenlân. Tsjin 'e tiid dat Waite syn wurk by it Australysk Museum einige, befette de kolleksje 18.000 eksimplaren. Hy wie letter acht jier lang kurator fan it Canterbury Museum yn Nij-Seelân, foardat er yn maart 1914 it direkteurskip fan it South Australian Museum oannaam.

Waite wie de earste Australyske ichtyolooch dy't detaillearre yllustraasjes brûkte yn syn artikels. Yn syn karriêre publisearre er sawat 140 artikels, mear as de helte gongen oer fisken. Syn wichtichste bydrage oan 'e Australyske ichtyology wie The Fishes of South Australia (1923).

Yn 1926 wie Waite dwaande mei it bestudearjen fan Jeropeeske en Amerikaanske musea; wylst er yn New York City wie, regele er dêr de Australyske seksje fan in museum. Hy hie malaria skipe wylst er yn Nij-Guinea wie en hie sûnt dy tiid lêst fan in minne sûnens. Waite ferstoar op 19 jannewaris 1928 yn it Highbury Hospital, Hobart oan in termynfeksje wylst hy yn Hobart in gearkomste bywenne fan 'e Australasian Association for the Advancement of Science. Hy wie net besibbe oan Peter Waite, waans stifting it Waite Institute mooglik makke.

Hoewol't er in skruten man wie, wie Waite in man fan grutte alsidichheid. Hy wie in taalkundige en muzikant, koe tekenje en skilderje mei wetterferve, wie in betûfte modelbouwer, hie wat kennis fan meganika, en wie in betûfte fotograaf. De measte fan dizze dingen wiene nuttich yn syn wurk as kurator fan in museum, en as sadanich hied er in hiel goede reputaasje. As wittenskipper wie syn wichtichste wurk dy oer rêchbonkedieren. Hy wie fan jongs ôf oan lid fan 'e Linnean Society, en op it momint fan syn dea wie hy fise-presidint fan 'e Royal Society of South Australia. Hy droech mear as 200 artikels by oan ferskate wittenskiplike publikaasjes.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: