Echte wezelingen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Echte wezelingen
De harmeling (Mustela erminea) yn syn winterpels.
De harmeling (Mustela erminea) yn syn winterpels.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
ûnderfamylje: echte marters (Mustelinae)
skaai: lytse marters (Mustela)
ûnderskaai: echte wezelingen (Mustela)
Linnaeus, 1758

De echte wezelingen (Latynske namme: Mustela) foarmje in ûnderskaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje fan 'e echte marters (Mustelinae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela). Ta dit ûnderskaai hearre mar twa soarten fine, lichtliddige en koartskonkige martereftigen, te witten: de harmeling (Mustela erminea), mei in ferspriedingsgebiet dat him útwreidet oer de noardlike dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika, en de langsturtwezeling (Mustela frenata), dy't yn Noard- en Midden-Amearika en noardlike dielen fan Súd-Amearika libbet. Dêrfan komt de harmeling ek yn Fryslân foar.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.