Echte mûsgoffers
| Echte mûsgoffers | ||
| In Meksikaanske stikelmûsgoffer (Heteromys irroratus). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
| ûnderskift: | bevers en goffers (Castorimorpha) | |
| tuskenskift: | goffereftigen (Geomorpha) | |
| boppefamylje: | goffers en mûsgoffers (Geomyoidea) | |
| famylje: | mûsgoffers (Heteromyidae) | |
| ûnderfamylje: | echte mûsgoffers (Heteromyinae) | |
| Gray, 1868 | ||
De echte mûsgoffers (wittenskiplike namme: Heteromyinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha), de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea) en de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta dizze ûnderfamylje heart ien inkeld libben skaai, dat fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys), mei dêropta twa fossile skaaien. It skaai fan 'e stikelmûsgoffers is yn 2007 útwreide mei alle soarten út it eardere skaai Liomys, nei't by nij DNA-ûndersyk bleken wie dat dat skaai parafyletysk (en dus ûnjildich) wie.
De echte mûsgoffers foarmje de susterkloft fan 'e skeintoskmûsgoffers (Perognathinae). De beide ûnderfamyljes binne nei skatting 23 oant 22 miljoen jier ferlyn fuortkommen út in mienskiplike foarâlder. De lêste mienskiplike foarâlder fan alle echte mûsgoffersoarten moat nei alle gedachten 15 oant 12 miljoen jier ferlyn libbe hawwe.
Underfamylje-opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
