Echte krie-eftigen
| echte krie-eftigen | ||
| De ekster (Pica pica). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
| tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| sûnder rang: | mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| sûnder rang: | sjongfûgeleftigen (Eupasseres) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| sûnder rang: | echte sjongfûgels (Euoscines) | |
| tuskenskift: | krie-eftigen (Corvides) | |
| boppefamylje: | echte krie-eftigen (Corvoidea) | |
| Sibley & Ahlquist, 1990 | ||
De echte krie-eftigen of echte kraai-eftigen (wittenskiplike namme: Corvoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri) en it tuskenskift fan 'e krie-eftigen (Corvides). Ta dizze kloft hearre 418 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 10 famyljes. Dêrûnder binne bgl. de kriefûgels (Corvidae), wêrfan't in protte soarten yn Jeropa foarkomme, mar ek de tige eksoatysk klinkende paradysfûgels (Paradisaeidae) út 'e tropen fan Nij-Guineä en oanbuorjende gebieten.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De echte krie-eftigen waarden as taksonomyske yndieling yn 1990 yntrodusearre troch de Amerikaanske ornitologen Charles Gald Sibley en Jon Edward Ahlquist yn harren baanbrekkende wurk Phylogeny and Classification of Birds: A Study in Molecular Evolution.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
