Ebola (rivier)
Appearance
Ebola is de namme fan in 200 km lange sydrivier fan de Kongo.
Hy rint troch de Demokratyske Republyk Kongo en mûnet út yn de rivier Mongala, in rjochter sydrivier fan de Kongo.
De rivier joech syn namme oan de firussykte Ebolakoarts dy't foar 't earst op syn iggen útbriek. Yn it doarp Yambuku oan de Ebola stie in katolyk missysikehûs, dêr't de sykte him yn 1976 oppenearre.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|