Eben-Haëzer (Earnewâld)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eben Haëzer (Earnewâld))
Eben-Haëzer
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Earnewâld
adres Wiidswei 6
koördinaten 53° 07' N 5° 56' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1906
Webside
Side fan de grifformearde tsjerke
Kaart
Eben-Haëzer (Fryslân)
Eben-Haëzer

Eben-Haëzer is de namme fan de tsjerke fan de grifformearde gemeente yn Earnewâld. De gemeente is oansletten by de PKN en is ien fan de twa PKN-gemeenten fan it wetterdoarp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien

De grifformearde gemeente fan Earnewâld waard oprjochte op 21 febrewaris 1900 [1], wylst de bou fan de tsjerke yn 1906 folge. It ienfâldige tsjerkje hat in lyts tuorke, mei twa legere dwersskippen en wurdt ferljochte troch rûnbôgeramen.

It ynterieur waard yn 1992 feroare. De banken waarden doe ferwidere. De bysûndere preekstoel datearret út dy tiid en hat de foarm fan de boech fan de Emanuel, fan 1978 oant en mei 2005 it SKS-skûtsje foar Earnewâld. Foar de preekstoel stiet in grut anker mei in koperen skaaltsje, dat it doopfont is.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1907 foar de grifformearde tsjerke fan Heemse boud troch de firma J. Proper út Kampen. In ynstrumint kaam yn 1952 yn de tsjerke fan Earnewâld telâne en waard yn 2002 foar it lêst fernijd troch S. Haarsma út Drachten.[3]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. PKN Earnewâld
  2. [Ljouwerter Krante, 3 augustus 2022]
  3. Kerk en Orgel