Springe nei ynhâld

Eastlike rotspinguïn

Ut Wikipedy
eastlike rotspinguïn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaitúfpinguïns (Eudyptes)
soarte
Eudyptes filholi
Hutton, 1879
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

Ferspriedingsgebiet fan 'e westlike rotspinguïn (súdeastlik fan Sud-Amearika) en eastlike rotspinguïn (eilannen súdlik yn 'e Yndyske en Grutte Oseaan)

De eastlike rotspinguïn (Eudyptes filholi) is in fûgel yn it skaai túfpinguïns (Eudyptes) út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae).

De eastlike rotspinguïn is mei 51 oant 62 sm lingte in relatyf lytse soarte túfpinguïn. Fan boppe is er swart oant blauswart en ûnder is er wyt. De giele túf rint fan 'e foarholle as in wynbraustreek boppe it each nei efter it each en foarmet dêr in ljochtgiele hingjende plûm. De swarte fearren op 'e kroan foarmje in koarte túf en jouwe de fûgel syn karakteristike kop. De snaffel is oranje en hat in rôze flues oan 'e basis.

De eastlike rotspinguïn briedt op eilannen yn 'e súdlike Yndyske Oseaan en de Stille Oseaan: de Prins Edward-eilannen súdlik fan Súd-Afrika, de Crozeteilannen súdlik fan Madagaskar, de Kerguelen, op Heard Island yn it súdwesten en súd-sintrale diel fan 'e súdlike Yndyske Oseaan, Macquarie súdeastlik fan Austraalje, de Antypoade-eilannen súdeastlik fan Stewarteilân en de Aucklandeilannen en Campbelleilannen súdlik fan it Nij-Seelânske Sudereilân.

De soarte waard foarhinne as in ûndersoarte fan 'e Eudyptes chrysocome behannele. Yn 2025 folge nei ûndersyk op basis fan morfologysk en genetyske ferskillen de erkenning fan 'e fûgel as in aparte soarte.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eastlike rotspinguïn briedt lykas syn neiste sibben yn grutte koloanjes. Se begjinne yn oktober of novimber te brieden. De fûgel foerazjearret op ferskillende seedieren, lykas krill, fisk en inketfisk. Winterdeis trekke guon nei it noarden. Unfolwoeksen fûgels en ferfearjende fûgels binne oan 'e kusten fan Súd-Afrika, Nij-Seelân en Austraalje waarnommen, mar de soarte bliuwt altiten foar de kust.

De IUCN beöardielet de bedrigingsstatus fan 'e westlike en eastlike rotspinguïns mienskiplik. Harren populaasjes binne de lêste iuw slim ôfnommen, fral de lêste desinnia. Meardere populaasjes binne hast of hielendal ynstoart. Sa binne der bygelyks tusken 1942 en 1986 1,5 miljoen pearkes fan 'e Campbelleilannen ferdwûn. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as kwetsber (Vulnerable, 2020) klassifisearre. De wrâldpopulaasje fan 'e westlike en eastlike túfpinguïn wurdt hjoed-de-dei op 2,5 miljoen folwoeksen fûgel rûsd, wêrfan't de eastlike rotspinguïn likernôch 420.000 pearkes telt. It grutste part fan 'e eastlike rotspinguïn briedt yn harren ferspriedingsgebiet yn it diel fan 'e Yndyske Oseaan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: