Eastlike hartemûs
| eastlike hartemûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Peromyscus maniculatus | ||||||||||||
| Wagner, 1845 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De eastlike hartemûs (wittenskiplike namme: Peromyscus maniculatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dizze soarte is lânseigen yn it noardeastlike part fan Noard-Amearika. Foarhinne waard ornearre dat dit bistke ûnder de namme 'hartemûs' yn hast hiel Noard-Amearika foarkaam, mar yn 2019 binne der fjouwer nije soarten fan ôfspjalten. De westgrins fan it ferspriedingsgebiet wurdt no ornearre by de Mississippi te lizzen. Eastlike hartemûzen binne nachtdieren mei in omnivoar dieet. Yn Noard-Amearika wurde se faak brûkt as proefdier yn laboratoaria, mei't se tige skjin op harsels en maklik te fersoargjen binne. De IUCN klassifisearret de eastlike hartemûs as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike hartemûs waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1845 troch de Dútske soölooch Johann Andreas Wagner. De soarte waard yndield by it skaai fan 'e wytpoatmûzen of echte hartemûzen (Peromyscus). Mear as hûndertsantich jier lang giene mammalogen derfan út dat it ferspriedingsgebiet fan 'e hartemûs him útstriek oer hast hiel Noard-Amearika, hoewol't dêr altyd al twifels oer bestiene fanwegen de relatyf grutte morfologyske ferskillen tusken de ûnderskate ûndersoarten. Mar pas yn 2017 waard troch genetysk ûndersyk oantoand dat der yn it gefal fan 'e hartemûs yndie sprake wie fan in soartekompleks dat ûnttize wurde moast.

Tusken 2017 en 2019 waarden ferskate nije soarten fan 'e hartemûs ôfskaat, te witten: de westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis), de súdlike hartemûs (P. labecula), de gambelhartemûs of (P. gambelii) fan Kalifornje en in noch net wittenskiplik beskreaune soarte yn 'e Yukon, de Yukonhartemûs (dy't soms foutyf oantsjut wurdt as P. arcticus). Dat folge op 'e eardere ôfspjalting fan 'e noardwestlike hartemûs (P. keeni) yn 2005. De kloft nau besibbe ûndersoarten dy't oerbleau, wurdt no oantsjut as de eastlike hartemûs.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn fersprieding is de eastlike hartemûs beheind ta it noardeastlike diel fan Noardamerikaanske kontinint. Yn Kanada ûntbrekt er yn Nûnavik (noardlik Kebek), it noarden fan Labrador en de eilannen yn 'e súdlike Hudsonbaai, mar fierders komt er foar fan Nijfûnlân oant en mei sintraal Manitoba, dêr't de westgrins fan it areaal fia de Winnipegmar oant yn it uterste easten fan Saskatchewan rint. Yn 'e regio fan 'e Saint Lawrencebaai komt dit bistke ek foar op 'e eilannen Prins Edwardeilân, Kaap Bretoneilân en Anticosti.
Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt de eastlike hartemûs foar yn it hiele gebiet fan 'e Grutte Marren en Nij-Ingelân útsein de Atlantyske kust, en dêrwei oer de hiele lingte fan 'e Appalachen oant yn Tennessee en noardlik Georgia. De westgrins fan it ferspriedingsgebiet wurdt dêr foarme troch de rivier de Mississippi, dy't de ek de westgrins foarmet fan 'e Amerikaanske steaten Tennessee, Kentucky, Illinois en Wisconsin. Noardliker hearre ek noch sintraal en noardlik Minnesota ta it areaal fan dit bistke.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike hartemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-10 sm, mei in sturtlingte fan sa'n 11½ sm en in gewicht fan 10-30 g. Hy hat kraaleftige eachjes dy't yn ferhâlding ta syn postuer frij grut binne, en teffens foarse earen. De pels is sêft en fariëarret op 'e rêch frijwat yn kleur, fan griis oant dûnkerbrún. It measte komt in brunige of readbrunige kleur foar. De bealch en de poatsjes binne altyd wyt en dy kleur is fan 'e dûnkerder rêchkleur skaat troch in skerpe demarkaasjeline oer de fangen, de wangen en de snút.

De eastlike hartemûs is fan uterlik frijwol net te ûnderskieden fan nau besibbe soarten lykas de westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis) en de súdlike hartemûs (P. labecula). Hy liket fierders ek sterk op in oare rûnom yn Noard-Amearika foarkommende soarte út itselde skaai, de wytpoatmûs (P. leucomus), mar de eastlike hartemûs hat in langere sturt, dêr't it twakleurige patroan fan it lichem him op fuortset. De beide soarten binne fierders lykwols sa gelikens, dat der faak in bloedûndersyk oan te pas komt om se te skiftsjen.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastlike hartemûzen jouwe oer it algemien de foarkar oan beboske gebieten, mar litte har troch it kapjen fan 'e beammen net út in krite ferdriuwe. Se meitsje gjin ûnderskie tusken leaf- en nullewâld. Yn 'e noardeastlike nullewâlden fan Kanada binne se de iennichste wytpoatmûzesoarte. Dêrnjonken libje se ek yn berchtmen, greidlân en gebieten dy't begroeid binne mei strewelleguod.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastlike hartemûzen binne nachtdieren, dy't de dei yn rêst trochbringe yn har nêst. Sokke nêsten lizze almeast heech yn holle beammen of leech yn ûndergrûnske hoalen en binne makke fan alderhanne plantaardich materiaal. Oer it algemien binne eastlike hartemûzen solitêre bisten, mar soms diele se har nêst mei in soartgenoat fan it oare geslacht. De territoaria fan hartemûzen oerlaapje inoar gauris, al giet it dêrby yn 'e regel ek wer om eksimplaren fan it tsjinstelde geslacht. De bisten lykje inoar werom te kennen en geane in protte mei-inoar om.

Yn finzenskip kinne eastlike hartemûzen har it hiele jier troch fuortplantsje, mar yn it wyld wurdt de peartiid troch itenskrapte yn it winterseizoen beheind ta de perioade fan maart oant en mei oktober. Se binne dêrby polygyn, wat betsjut dat ien mantsje mei ferskate wyfkes pearet, mar ien wyfke mar mei ien mantsje. Nei in draachtiid fan 22–26 dagen bringt it wyfke in nêst fan 1–9 (mar ornaris 3–5) jongen te wrâld. Hartemûzen plantsje har fluch fuort en sille yn trochsneed 3–4 nêsten jongen jiers produsearje. (Yn finzenskip hat ien wyfke ris yn ien jier 14 nêsten jongen smiten.) De wyfkes steane de mantsjes ta om te helpen by it fersoargjen fan 'e jongen. Dy wurde blyn en keal berne, mar ûntwikkelje har fluch. Mei 14 dagen hawwe se in folsleine pels; mei 13–19 dagen geane de eachjes iepen en mei 18–24 dagen wurde se ôfwûn.
Nei goed 40 dagen (6 wiken) binne de jongen folwoeksen, al komme se dêrnei noch wat oan. Wyfkes binne trochinoar mei 48 dagen al geslachtsryp. Mei't se har oer it algemien net fier fan it âlderlik nêst bejouwe, bestiet der frijwat yntylt ûnder eastlike hartemûzen en is de genetyske útwikseling binnen de soarte beheind. De trochsneed libbensferwachting is foar eastlike hartemûzen krapoan 4 jier, al sil in grutte groep net iens 1 jier helje. Yn finzenskip kinne se 8 jier wurde.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastlike hartemûzen binne omnivoaren. It meastepart fan har dieet bestiet út plantaardich guod, lykas sieden, fruchten en blêden. Mar se frette ek dierlik wrimelt, lykas ynsekten, rûpen, spinnen en oare lidpoatigen, en teffens beskate skimmels. Winterdeis, as plantaardich foer krap is, meitsje lidpoatigen wol in fyfde fan it dieet fan hartemûzen út.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e eastlike hartemûs binne slangen lykas de boskrattelslang (Crotalus horridus) en de koperkop (Agkistrodon contortrix); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata); martereftigen lykas de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de Amerikaanske marter (Martes americana), de fiskmarter (Pekania pennanti), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de wezeling (Mustela nivalis) en de sulverdas (Taxidea taxus); stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) en it eastlik bûnt stjonkdier (Spilogale putorius); hûneftigen lykas de foks (Vulpes vulpes), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) en de prêrjewolf (Canis latrans); en kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus).

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike hartemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dit bist wurdt soms sels as skealik ûngedierte beskôge, mei't it in drager wêze kin fan foar de minske gefaarlike sykten as de sykte fan Lyme.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus) wiene oarspronklik wol 66 ûndersoarten bekend. Dêrfan giene 16 yn 2005 mei de ôfspjalting fan 'e noardwestlike hartemûs (P. keeni) oer nei de nije soarte. Fan 'e oerbleaune 50 ûndersoarten waarden oan 'e ein fan 'e 2010-er jierren ferskaten ôfspjalten ta de gambelhartemûs (P. gambelii), wylst trije ûndersoarten oergiene nei de ôfspjalten súdlike hartemûs (P. labecula). De yndieling fan 'e oerbleaune likernôch 45 ûndersoarten tusken de eastlike en de westlike hartemûs (P. sonoriensis) is noch net folslein dúdlik.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

