Eastlike Panhandle fan West-Firginia

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Amerikaanske steat West-Firginia mei de Eastlike Panhandle (7 countys) werjûn yn read.

De Eastlike Panhandle fan West-Firginia oftewol it "eastlike panhânsel fan West-Firginia", is in diel fan 'e Amerikaanske steat West-Firginia dat útstiket nei it easten ta. It is ien fan twa útstykjende dielen fan 'e steat; it oare is de Noardlike Panhandle fan West-Firginia. De Eastlike Panhandle leit ynklamme tusken de buorsteaten Marylân yn it noarden en easten en Firginia yn it suden. Dit gebiet kaam yn 1863 by West-Firginia te hearren, doe't dat him ôfskate fan Firginia.

De Eastlike Panhandle omfiemet sawol it heechste punt fan West-Firginia, de berch Spruce Knob, mei in hichte fan 1.482 m, as it leechste punt fan 'e steat, by Harpers Ferry, oan 'e igge fan 'e rivier de Potomac, op 73 m boppe seenivo. Harpers Ferry is bekend troch de beruchte Oerfal op Harpers Ferry, wêrby't yn 1859 in groep radikale abolysjonisten ûnder lieding fan John Brown besocht en jou de oanset ta in wapene slave-opstân yn it Amerikaanske Suden troch it arsenaal dêre yn te nimmen. De wichtichtste rivieren yn 'e Eastlike Panhandle binne de Potomac en de Shenandoah en teffens lizze yn 'e krite de beide âldste delsettings fan West-Firginia: Shepherdstown (1725) en Romney (1762). Letter waard troch de Eastlike Panhandle hinne it spoar fan 'e Baltimore and Ohio Railroad oanlein, dat ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch fan krúsjaal belang wie foar de Noardlike oarlochsynspannings. It gebiet wurdt fan 'e rest fan West-Firginia skaat troch it Allegheny-berchtme, in útrinner fan 'e Appalachen.

Der binne ferskate definysjes foar de Eastlike Panhandle yn omrin. Soms wurde inkeld der trije aldereastlikste countys fan West-Firginia as sadanich oantsjut:

Meastal wurde ek noch fjouwer oare countys derta rekkene:

Hiel soms wurdt noch ien oare county meirekkene:

As men útgiet fan sân countys, dan beslacht de Eastlike Panhandle yn totaal in oerflak fan 9.062 km². Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie it gebiet doe in befolking fan 261.000 minsken, wat delkomt op 11,8% fan 'e totale steatsbefolking fan West-Firginia. De befolkingstichtens yn 'e Eastlike Panhandle bedroech yn 2010 28,8 minsken de km². De grutste stêd yn it gebiet is Martinsburg, dat yn 2010 17.000 ynwenners hie. It tichtstbefolke diel fan 'e Eastlike Panhandle wurdt foarme troch de trije eastlikste countys (Morgan, Jefferson en Berkeley), dy't suver yn 'e foarstêden fan 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. lizze, en dêr sadwaande kultureel en ekonomysk folle mear op rjochte binne as op it Amerikaanske Suden, dêr't West-Firginia as gehiel ta rekkene wurdt. Yn dy trije countys bestiet ek in ôfskiedingsbeweging dy't dy krite fanwegen de minne ekonomyske sitewaasje yn West-Firginia wer by Firginia foegje wol.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.