Oriental Pearl Tower
| Oriental Pearl Tower | ||
| bouwurk | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| stedsprovinsje | Sjanghai | |
| plak | Sjanghai | |
| koördinaten | 31°14′30″ N 121°29′41″ E | |
| bysûnderheden | ||
| type bouwurk | toer | |
| subtype | tillefyzjetoer | |
| boujier | 1991–1994 | |
| boustyl | futuristysk | |
| oare ynformaasje | ||
| hichte | 468 m (ynkl. antenne) 351 m (bopp. ferdjipping) | |
| tal ferdjippings | 103 (ekwifalint) | |
| offisjele webside | ||
| www.orientalpearltower.com | ||
| kaart | ||
De lokaasje fan 'e toer yn Sjanghai.
| ||
De Oriental Pearl Tower (offisjele Ingelske namme; betsjutting: "Easterske Peareltoer"; Sineesk: 东方明珠塔, pinyin-transliteraasje: Dōngfāng Míngzhū Tǎ), formeel de Oriental Pearl Radio & TV Tower (Sineesk: 东方明珠广播电视塔, pinyin: Dōngfāng Míngzhū Guǎngbō Diànshìtǎ) is in toer yn 'e stêd Sjanghai, dy't fan 1994 oant 2007 it heechste gebou yn Sina wie. It is in yn futuristyske styl boude telekommunikaasjetoer mei in totale hichte fan 468 m en fyftjin observaasjedekken. It unike oansjen fan it gebou hat it ta in kultureel ikoan fan en in symboal foar Sjanghai makke, ferlykber mei de status dy't it Frijheidsbyld hat foar New York of de Eiffeltoer foar Parys.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plan om yn it sintrum fan Sjanghai in nije tillefyzjetoer te bouwen, mei as doel om 'e kapasiteit te fergrutsjen en ferâldere ynfrastruktuer te ferfangen, waard foar it earst yn augustus 1983 yn in tillefyzje-útstjoering buorkundich makke. Op 17 novimber fan dat jier waard it plan yn fierder útwurke foarm presintearre yn it sechsde fiifjierreplan fan 'e Mediagroep fan Sjanghai. Op dat stuit wie it de bedoeling dat de toer in hichte fan 400 m krije soe.

Op 25 maart 1984 waard it plan formeel foarlein oan it Gemeentlik Folkskongres fan Sjanghai, dat foar de bou in perseel grûn útkeas yn 'e wyk Lujiazui, dy't doedestiden troch de ekonomyske herfoarmings ûnder partijlieder Deng Xiaoping in sterke ûntwikkeling trochmakke. Dat beslút waard op 23 augustus 1984 oernommen troch it Radio- en Tillefyzjeburo fan Sjanghai.
Yn oktober 1986 waard it úteinlike foarstel foar de bou, wêryn't de hichte fan 'e toer oplutsen waard nei 468 m, foarlein oan 'e Nasjonale Planningskommisje fan 'e Folksrepublyk Sina, dy't der yn jannewaris 1987 syn goedkarring oan joech. Yn septimber 1988 waarden fan arsjitekteburo's yn totaal tolve ûnderskate ûntwerpen foar de toer ûntfongen. Dêrút waard keazen foar it "Easterske Pearel"-ûntwerp fan 'e Arsjitektoanysk Untwerpynstitút fan East-Sina.
Bou en iepening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 30 july 1991 sette de bou fan 'e Oriental Pearl Tower útein mei it lizzen fan it fûnemint. De toer sels kaam ree op 14 desimber 1993. Op 'e Dei fan 'e Arbeid (1 maaie) fan it folgjende jier berikte de antenne nei alve dagen fan omheechskowen syn úteinlike hichte. Op 18 novimber 1994, de Nasjonale Dei fan 'e Folksrepublyk Sina, kaam ek it ynterieur ree en wie de bou fan 'e toer dien. Op 'e Dei fan 'e Arbeid yn 1995 waard de Oriental Pearl Tower formeel iepene en yn gebrûk nommen.

Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hichte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eigentlike gebou fan 'e Oriental Pearl Tower hat in hichte fan 351 m. De tillefyzje-antenne op it dak mjit sels nochsris 137 m, wat de totale hichte fan 'e toer op 468 m bringt. Dêrmei wie de Oriental Pearl Tower fan 1994 ôf it heechste frijsteande bouwurk yn Sina en hiele Aazje, oant it yn 2007 foarbystribbe waard troch it Shanghai World Financial Center en letter ek troch de Canton Tower yn Kanton en de Tokyo Skytree yn Tokio. Troch de ûngewoane yndieling hat de Oriental Pearl Tower net alle ferdjippings dy't in 'normaal' gebou fan deselde hichte hawwe soe, mar as dat wol sa west hie, soe de toer 103 ferdjippings hân hawwe.
Fûnemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Oriental Pearl Tower stiet oan 'e igge fan 'e rivier de Huangpu, rjocht foar de Bund oer, in histoaryske stedsbuert mei ferskate monumintale gebouwen. Fanwegen de sêfte, moerassige ûndergrûn rêst de toer op grutte betonnen heipeallen, dy't djip yn 'e grûn dreaun binne. Stielen buizen en platen soargje foar ekstra stevichheid. Deselde technyk waard neitiid ek brûkt by de bou fan 'e Jin Mao Tower, deunby.
Bollen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It futuristyske karakter fan 'e arsjitektuer komt benammen ta utering yn 'e trije reuseftige, bolfoarmige platfoarms boppe-inoar, dy't mei-inoar ferbûn wurde troch trije ûnbidige pylders en in lift. Neffens de arsjitekten waard harren ûntwerp, dat de kultuer fan Sjanghai werjaan soe, ynspirearre troch it gedicht Pipa Xing fan 'e dichter Bai Juyi, dy't libbe ûnder de Tang-dynasty (618–907). De bollen, dy't makke waarden út in yntegraal stielen ramtwurk, binne belein mei betonnen tegels en laminearre reade glêzen ruten.

Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Oriental Pearl Tower hat fyftjin observaasjedekken op 'e ûnderskate hegere ferdjippings. Ferskaten dêrfan, wêrûnder ek de alderheechste, hawwe panoramyske glêzen flierren. De legere ferdjippings biede romte oan in draaiend restaurant mei útsjoch oer de stêd, in oerdutsen achtbaan en ferskate museä. Der is ek in hotel mei tweintich keamers, it saneamde Space Hotel, dat him op 'e ferdjippings tusken de beide grutste bollen yn befynt.
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch syn futuristyske boustyl, dy't de Oriental Pearl Tower in unyk oansjen jout, hat de toer him ûntjûn ta in kultureel ikoan fan Sjanghai en in symboal foar de stêd, ferlykber mei hoe't it Frijheidsbyld foar New York stiet of de Eiffeltoer foar Parys. De Oriental Pearl Tower is ôfbylde en toand yn in ferskaat oan keunstwurken en media (lykas films en tillefyzjesearjes) en teffens op postsegels. It is ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters yn Sjanghai.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
