Springe nei ynhâld

East-Finsterwolde

Ut Wikipedy

East-Finsterwolde wie yn de Midsiuwen in karspel yn it Wâld-Aldamt yn de Fryske goa Aldamt, en foel ûnder it Bisdom Múnster.

De Sint-Nikolaastsjerke fan East-Finsterwolde (Astwinserwalda of Oistfinsterwolda) waard neamd yn in tal grinsferdraggen út 1391 en 1420 en yn in pauslike beneamingsbrief foar pastoar Folkardis de Voestfinzervoelda út 1429. Troch it oanmeitsjen fan de feangrûn wie de delsetting, dy't earst noardliker lei, al earder ferpleatst nei in plak heger op it fean. Yn in karspellist fan it Bisdom Múnster yn de ein fan de fyftjinde iuw wurdt it plak Astwinserwalda neamd. It ferpleatsen en it ferdwinen fan it doarp waard altyd taskreaun oan it trochbrekken fan de Doalert, mar it wetter fan de doalert berikte it gebiet pas oan 'e ein fan de fyftjinde iuw. Yn in parochylist út 1500 waard neamd:Oistfinsterwolde aqua destructa (East-Finsterwolde troch it wetter fernield). Einlings waard it doarpsgebiet ferlitten fanwegen it trochbrekken fan de Doalert en dêrnei bedobbe rekke ûnder in laach seeklaai en it opslike lân waard yn de sechtjinde iuw fannijs yndike.

De nije namme Veenhuisen of Veenhuißen waard foar it earst brûkt yn in ferdrach mei de stêd Grins út 1435. Yn in oar dokumint út datselde jier hjit it doarp noch as earder Oestfinzerwold. Nei alle gedachten ferhuzen in part fan de bewenners nei in feiliger plak tichter by de Tsjamme. Dêr ûntstie yn de sechtjinde iuw de buorskip Veenhuizen. Om 1520 hinne waard ûnder Termunten in lâneigener út Veenhussen neamd, dêr't mooglik dy delsetting mei bedoeld wurde kin.

De fûneminten fan in krústsjerke mei in toer waarden yn 1826 fûn besuden Ganzedijk yn in tsjerkeheuvel yn de polder de Vledder tichteby de mûnen fan Finsterwolde. Dêr waarden ek twa êlder sarkofagen fûn yn in stiennen ferwulft. De fûneminten waarden yn 1844 oprêden en it pún waard brûkt foar it ferhurdzjen fan de dyk troch Nieuw-Beerta. De langhalige tsjerkeheuvel fan East-Finsterwolde hat inkelde iuwen lang eigendom west fan de Nederlânsk-Herfoarme tsjerke fan Finsterwolde. De tsjerkekavel waard yn 1821 ferkocht oan D.J. Mulder om mei de opbringst dêrfan in nije toer finansierje te kinnen.

In foargonger fan dy krústsjerke lei nei alle gedachten op 'e hichte fan Ganzedijk.

Beëasten it Midsiuwske karspel East-Finsterwolde hat nei alle gedachten de delsetting Torpsen lein. Berjochten út de njoggentjinde iuw neame erbliuwsels fan stinzen, dy't hjir en dêr yn it gebiet ferspraat leine.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G.A. Stratingh en G.A. Venema, De Dollard, Grins 1855, siden 49-50 (online op google books)
  • Argyf NH-tsjerke Finsterwolde
  • J. Molema, Verdwenen kerken van veenontginningsnederzettingen, yn: Groninger Kerken 28 (2011), siden 9-15, hjir siden 13-14.
  • Meidieling archeolooch Jan Molema.
  • Beskriuwing yn de Nederlandsche Staatscourant, 21 juli 1826
  • J.F. Feikens en J.P. Koers, Bewoning in het Oldambtster veen, yn: Duvekoater 57 (april 2016), siden 27-31.