Eartoskhaaien
| eartoskhaaien | ||
| In skeaneartoskhaai (Otodus obliquus). Artistike ympresje. | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
| klasse: | kreakbienfisken (Chondrichthyes) | |
| ûnderklasse: | haaien en roggen (Elasmobranchii) | |
| tuskenklasse: | echte haaien en roggen (Euselachii) | |
| difyzje: | moderne haaien en roggen (Neoselachii) | |
| ûnderdifyzje: | haaien (Selachii) | |
| boppeskift: | helmhaaien (Galeomorphi) | |
| skift: | makrielhaaien (Lamniformes) | |
| famylje: | gruttoskhaaien (Otodontidae) | |
| skaai: | eartoskhaaien (Otodus) | |
| Agassiz, 1843 | ||
De eartoskhaaien (wittenskiplike namme: Otodus; syn. Carcharocles) foarmje in fossyl skaai fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) en de famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae). Der binne teminsten trettjin ûnderskate soarten út dit skaai bekend, dy't libben fan it Paleoseen (65 miljoen jier lyn) oant it Plioseen (3,6 miljoen jier lyn). It wiene allegearre karnivoare rôffisken. It skaai hie in kosmopolityske fersprieding. De bekendste soarte is de reuseftige megalodon (Otodus megalodon).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eartoskhaaien waarden foar it earst yn 1843 wittenskiplik beskreaun troch de Switserske soölooch Louis Aggasiz. De wittenskiplike namme dy't hy oan dit skaai joech, Otodus, is opboud út 'e Aldgrykske wurden ὠτ-, ot-, dat "ear" betsjut, en ὀδούς, odous, dat "tosk" betsjut. De folsleine betsjutting is dus "earfoarmige tosk".

Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In teory dy't rûnom troch paleöntologen foar wier oannommen wurdt, is dat de eartoskhaaien (Otodus) ôfstammen fan haaien dy't hearden ta it skaai fan 'e Krytmakrielhaaien (Cretalamna), dy't libben yn it geologysk tiidrek fan it Kryt (143–66 miljoen jier lyn). De ûnderbouwing dêrfoar wurdt foarme troch sterke oerienkomsten yn 'e morfology fan 'e tosken.
Foarhinne waard ornearre dat de eartoskhaaien fan it skaai Otodus har úteinlings troch evolúsje ûntjoegen ta it skaai Carcharocles, dat soartgelikense tosken hie, mar mei kartele snijkanten. Mei't sokke tosken opdobbe binne yn 'e Amerikaanske steat Marylân, by Iper yn Flaanderen en yn westlik Kazachstan, geane paleöntologen út fan in wrâldwide evolúsje. De kartelskeaneartoskhaai (Otodus aksuaticus, foarh. Carcharocles aksuaticus) waard as de ierste haai fan it skaai Carcharocles beskôge.
It ûndersyk fan K. Shimada et al. út 2016 nei it nije skaai fan 'e reuzemakrielhaaien (Megalolamna), wêrby't ek de ûnderlinge taksonomyske relaasjes fan 'e ûnderskate fossile makrielhaaien beljochte waarden, toande lykwols oan dat it skaai fan 'e eartoskhaaien sa't it oant doe dat definiëarre wie, ûnjildich wie om't it parafyletysk wie. De soarten út it skaai Carcharocles wiene nammentlik fylogenetysk pleatst tusken de ferskate soarten eartoskhaaien (Otodus). Om Otodus monofyletysk (en dêrmei taksonomysk jildich) te meitsjen, moast Carcharocles yn syn gehiel yn Otodus opnommen wurde. Sadwaande wurdt Carcharocles sûnt de iere 2020-er jierren rûnom beskôge as in jonger synonym fan Otodus dat op himsels net mear in jildich takson foarmet.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eartoskhaaien hiene in kosmopolityske fersprieding. Fossilen fan 'e soarten út dit skaai binne oantroffen yn Afrika, Aazje, Jeropa, Noard- en Súd-Amearika, it Karibysk Gebiet en Austraalje.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle soarten eartoskhaaien binne bekend fan har fossilisearre tosken, en fan fjouwer soarten, de skeaneartoskhaai (Otodus obliquus), de eartoskhaai (O. auriculatus), de smeleartoskhaai (O. angustidens) en de megalodon (O. megalodon), binne ek fossilisearre wringen weromfûn. Krekt as by oare haaien en roggen (Elasmobranchii) bestie it skelet by eartoskhaaien út kreakbien ynstee fan echte bonken, en dêrom binne der ferhâldingsgewiis sjoen net folle dielen fan it skelet bewarre bleaun as fossilen.
De tosken fan eartoskhaaien binne grut, robúst en trijehoekich fan foarm. By de âldere soarten binne de snijrânen glêd, mar by de jongere soarten, dy't foarhinne yn it aparte (mar no as ûnjildich beskôge) skaai Carcharocles ûnderbrocht waarden, hawwe se kartele snijrânen ûntwikkele.
De fossilen fan eartoskhaaien toane oan dat dizze bisten tige grutte rôffisken wiene. De typesoarte, de skeaneartoskhaai (Otodus obliquus), wie nei alle gedachten sa'n 8–9 m lang, mar oare soarten wiene noch folle grutter. De eartoskhaai (O. auriculatus) meat 91/2 m, de smeleartoskhaai (O. angustidens) wie 11–12 m lang, en de Chubuteartoskhaai (O. chubutensis) koe wol 131/2 m wurde. De grutste soarte wie lykwols de reuseftige megalodon (O. megalodon), dy't dy't 16–25 m lang wurde koe.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eartoskhaaien wiene karnivoaren, dy't yn it gefal fan 'e megalodon (Otodus megalodon) beslist en yn it gefal fan 'e oare soarten wierskynlik it marine toprôfdier fan harren tiid wiene. Se bejagen grutte fisken, seeskyldpodden, walfiskeftigen (wêrûnder potfisken) en seekij. It tinken is dat de evolúsje fan glêde nei kartele tosken wiist op in stadige feroaring fan proaidieren, fan (benammen) fisken nei (benammen) seesûchdieren.

Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
