Eartoefke

In eartoefke is by sûchdieren in útstykjend topke hier op 'e punten fan 'e útwindige earen. Itselde ferskynsel komt ek foar by fûgels, yn 'e foarm fan in útstykjende groepkes fearren dy't de suggestje wekje fan útwindige earen, mar dat net binne. Yn beide gefallen hawwe eartoefkes neat mei it gehoar út te stean.
Sûchdieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By sûchdieren komme eartoefkes benammen foar by kateftigen, hoewol't de measte kateftigen se net hawwe. Yn it wyld is it foarkommen fan eartoefkes fierhinne beheind ta de fjouwer soarten lynksen: de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), de Ibearyske lynks (Lynx pardinus), de reade lynks (Lynx rufus) en de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), mei dêropta de karakal (Caracal caracal), dy't poer omreden fan syn eartoefkes ek wol de 'Afrikaanske lynks' of de 'woastynlynks' neamd wurdt. Yn finzenskip komme eartoefkes ek foar by beskate rassen fan 'e húskat (Felis catus).
De evolúsjonêre funksje fan eartoefkes fan sûchdieren is noch net alhiel dúdlik, mar it tinken is dat se helpe om túch en oare rommel út 'e eargongen te hâlden. Alteast by de karakal lykje eartoefkes ek in funksje te hawwen yn 'e kommunikaasje mei soartgenoaten.
Fûgels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By fûgels binne eartoefkes útsteksels fan 'e hollehûd oan 'e sydkanten boppe-op 'e kop, dêr't fearren op groeie. Dy stykje út op in wize, dy't it bestean fan útwindinge earen suggerearret. De eargongen sitte by fûgels lykwols folle leger oan 'e sydkanten fan 'e kop en de eartoefkes hawwe dêr dus neat mei út te stean. Dit ferskynsel komt benammen foar by ferskate soarten ûlen, lykas de oehoe (Bubo bubo), de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de hoarnûle (Asio otus).
Yn finzenskip komme eartoefkes ek foar by beskate soarten hinnen (Gallus gallus domesticus), yn 't bysûnder de Araukana. By dat bist binne de eartoefkes lykwols in ressesive mutaasje, dy't der dreech yn te hâlden is, mei't de measten Araukana's út it aai komme sûnder eartoefkes. It fokken fan in hoanne en in hin dy't allebeide eartoefkes hawwe, kin net, mei't de piken dan troch in foarm fan yntylt misfoarmings oan 'e earen en de snaffel hawwe sille.
It doel fan 'e eartoefkes fan fûgels is alhiel ûndúdlik, mar mei it gehoar hat it yn elts gefal neat út te stean. Der besteane ferskate teoryen oer, wêrûnder dat eartoefkes de kamûflaazje fan 'e fûgel ferbetterje soene, dat se helpe soene om in pearingspartner te finen of dat se de fûgel in driigjender uterlik jaan soene om rôfdieren mei ôf te skrikken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |