Earehôf Molkwar
Appearance
It Earehôf Molkwar leit op it tsjerkhôf midden yn it doarp Molkwar yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Der stiet ien stien mei dêrop de folgjende namme:
Namme | Funksje | Underdiel | Sq | Stoarn | Aldens |
---|---|---|---|---|---|
Thomas Fraser McCrorie | Piloat | Royal Air Force | 75 Squadron | 23-06-1943 | 27 |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 23 juni 1943 waard in Stirlingbommesmiter, de EH889 fan it 75e Squadron RAF, oanfallen troch in Dútske nachtjeier. Op 8 km eastlik fan Easterlân stoarte de bommesmiter yn de Iselmar. Alle bemanningslju kamen dêrby om it libben. De piloat McCrorie leit op it earehôf Molkwar begroeven, de boardskutter Raymond Anthony Kennedy leit begroeven op it Earehôf Wieringermar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Earehôf Molkwar fan Wikimedia Commons. |