Springe nei ynhâld

Ealparkiten

Ut Wikipedy
Ealparkiten
De Aleksanderparkyt (Psittacula alexandri) is de typesoarte fan it skaai.
De Aleksanderparkyt (Psittacula alexandri) is de typesoarte fan it skaai.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
boppefamylje: pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea)
family: pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae)
skaai ealparkiten (Psittacula)
Cuvier, 1800

Ealparkiten of smaragdparkiten (Psittacula) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

De skaainamme Psittacula is in ferlytswurd fan it Latynske wurd psittacus (pappegaai) en betsjut dus pappegaaike.

It skaai hat in dúdlike konsintraasje fan soarten yn it sude en súdeasten fan Aazje, mar der binne ek fertsjintwurdigers yn Afrika en op 'e eilannen fan 'e Yndyske Oseaan.

Fan in pear yn 'e avikultuer populêre soarten binne der nei frijlitting of ûntsnapping ferwyldere populaasjes ûntstien bûten it oarspronklike ferspriedingsgebiet fan it skaai.

It skaai telt sechtjin soarten, wêrfan't trije útstoarn binne.

Nij ûndersyk nei it DNA fan dizze fûgels hat yn 2019 oan it ljocht brocht dat de ealparkiten wierskynlik parafyletysk binne mei de skaaien fan 'e blaurêchpappegaaien (Psittinus), de grutsnaffelpappegaaien (Tanygnathus) en de útstoarne Maskarenenpappegaaien (Mascarinus) en Maskareenske grize parkiten (Lophopsittacus). In op 'e nij besjoene yndieling waard foarslein troch ornitolooch Michael Braun et al., wêrby't de ealparkiten yndield wurde yn ferskate lytsere skaaien om 'e blaurêchpappegaaien, de grutsnaffelpappegaaien en de Maskarenenpappegaaien as ôfsûnderlike skaaien te behâlden (want dy binne nauwer besibbe oan guon ealparkitesoarten as de ealparkiten oan inoar besibbe binne).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.