Springe nei ynhâld

E.S. de Jong

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan E.S.de Jong)
E.S. de Jong
E.S. yn't jier 1979
E.S. yn't jier 1979
persoanlike bysûnderheden
oare namme Welmoed, Welmoed Hemrica, Rein Elzinga, Roel Elzinga, Gysbert, Oud patiënt, Gabe Skroar, Rein Wiersma, Roel Wiersma
berne 12 july 1918
berteplak Wânswert
stoarn 10 april 2001
stjerplak Snits
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist, ûnderwizer, helpdûmny.
aktyf as Frisiast, skriuwer fan romans en berneboeken
offisjele webside
Tresoar/Sirkwy: skriuwers-biografyen

DBNL-profyl

Fan in einekoer(1946), mei printsjes fan Jekke van Dyk
Romke dûkt ûnder(1946)

Eelke Simens de Jong (Wânswert 12 july 1918 – Snits 10 april 2001) wie sjoernalist, skriuwer, learaar, helpdûmny en strider foar de Fryske taal.

Nei de Mulo yn Ferwert folge De Jong de oplieding oan de Kweekskoalle yn Dokkum en waard, krekt santjin jier âld, ûnderwizer yn Wânswert. Hy waard ek ‘buormaster’ fan it doarp, in seremoniële funksje út namme fan de buorren, de buert, ûnder oare by trouwerijen en begraffenissen. Yn 1946 waard er skoalmaster yn Wolvegea en yn 1947 redakteur fan it Bolswards Nieuwsblad, in útjefte fan A.J.Osinga. Oant hy yn 1984 mei pinsjoen gong fersoarge er de ynhâld fan ‘e krante. Hy hie dêrnjonken fêste rubriken yn in rige lokale kranten en periodiken dy’t yn Fryslân ferskynden (û.o. Folk en Tael, Friesch Landbouwblad, Het Volk), en hy wie korrespondint fan de Leeuwarder Courant, Friese Koerier, it Friesch Dagblad, Ons Noorden, Het Vrije Volk, De Telegraaf, it ANP en de Regionale Omroep Noord, RONO.

De Jong wie rûnom bekend as 'E.S.' (post mei adres ‘E.S. te Friesland’ waard kreas besoarge), hy wie in man mei in fenomenaal drok bestean. Utsein ferslachjouwer wie hy ek tekenlearaar yn Snits, Boalsert en yn Ljouwert, somtiden mei 30 lesoeren yn ‘e wike. Ut namme fan de CHU, letter it CDA, wie er rom 30 jier lid fan ‘e gemeenteried fan Boalsert. Om 1950 hinne krige er it folslein foech om helpdûmny te wêzen. Preekjen die er nei eigen sizzen it leafst fan al syn krewearjen. Hy late yn syn wurksum libben in hiel soad tsjerketsjinsten yn protte doarpen en yn alle alve stêden fan Fryslân, faken twa kear sneins. Yn ‘e tiid dy’t er sparje koe skreau er romans, berneboeken, makke er oersettings en in pear fotoboeken, en bestege er tige folle oandacht en enerzjy oan de befoardering fan ‘e Fryske taal.

Strider foar it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn striid foar de Fryske taal begûn doe’t er krekt 23 jier wie en yn 1941 it Kristlik Frysk Selskip taspruts by harren hjerstgearkomste. Yn ‘e oarloch joech hy oer de post (as in foarinner foar de L.O.I.) kursussen Frysk, skriuwen en tekenjen. Yn Wânswert organisearre er gearkomsten om it lêzen en skriuwen yn it Frysk te stypjen, hy makke eltse trije wike in lêsportefúlje dy’t hy rûlearje liet, mei ûnder oare Sljucht en Rjucht, Yn Ús Eigen Tael, Ús Eigen, It Fryske Folk, Folk en Tael, It Heitelân, Pompeblêdden. Hy ferhelle in grut oantal Fryske doarpsrounten, kriten en klubs in fragelist stjoerd te hawwen, om nei te gean hoe’t hja harren ynsetten foar it Frysk. De útkomst stelle him teloar. Hy die in hertstochtlike oprop om yn aksje te kommen, om alle middels te brûken om it lêzen en skriuwen yn it Frysk te stimulearjen. ‘Der moat wat dien wurde, wy meie ús net deljaan.’ Syn taspraak waard neist bydragen fan Y. Poortinga, D.A. Tamminga en dr. G.A. Wumkes troch Yn Us Eigen Tael publisearre.[1] It liket derop dat de jonge skoalmaster hjirmei it programma foar syn fierdere libben formulearre.

De Jong wie neist syn sjoernalistike wurk in produktive skriuwer. Hy rjochte him net op ‘e wurdearring fan literatuerkritisy, mar op sa grut as mooglik lêzerspublyk. Syn driuwfear dêrby wie suver edukatyf fan wêzen. Hy keas tagonklike ûnderwerpen en brûkte ienfâldige taal om de lês- en skriuwfeardigens yn it Frysk te stimulearjen. Syn Frysktalige berneboeken hearden dêrby, lêze begjint by beukers. De Jong seach wol ferbân mei de literatuer dy’t oan hege noarmen fan ‘e kritisy foldie: it wurk fan skriuwers as Anne Wadman hie in ‘ûnderbou’ fan in publyk nedich dat de Fryske taal goed behearsket. De Jong stelle him as doel dy grûnslach sa grut en sterk mooglik te meitsjen. Ek Fryske preken hearden by dat stribjen. As it mar heal koe, soarge De Jong derfoar dat syn tsjerketsjinsten yn it Frysk hâlden waarden.

Hy sette him sterk yn foar de KFFB, de Kristlik Fryske Folksbiblioteek, boekeklup foar it folk. Hy waard yn 1946 bestjoerslid en yn 1951 ‘propagandalieder’, de man dy’t oant 1988 de ledewinning en publisiteit fersoarge. Yn 1954 betocht er De Fleanende Krie, it ledenblêd fan de KFFB dat hy benammen sels folle, en hy makke it logo, mei it kredo: Klim Fleurich Fierder Berch-op (de namme 'de Fleanende Krie' liende er fan Gysbert Japicx). De Jong skreau romans dy’t yn it fûns fan ‘e KFFB ferskynden en in sukses waarden. Hy moedige potinsjele skriuwers oan (Aggie van der Meer ûnder oaren)[2] en holp harren mei advizen en nedich einredaksjewurk in boek te meitsjen. Yn 1979 fertelde De Jong dat de folksbiblioteek al in miljoen Fryske boeken oan ‘e man brocht hie.

Hy waard yn 1974 beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Yn 1979 krige hy in keninklike ûnderskieding, de gouden earemedalje yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. Deputearre drs Jaap Mulder prize him by de útrikking as in 'wrotter en wramer foar de Fryske saek'.[3]

Inkele parsereaksjes op boeken fan E.S., om it midden fan ‘e foarige iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1945 ferskynde it jongesboek Romke, it krige dat jier de earste priis fan Us Fryske Berneboek. De karkommisje neamt it 'in yn-Frysk en echt kristlik boek', en ideaal skreaun. ‘Mei in tige goede behearsking fan syn taal bringt de skriuwer de haadpersoan - en syn lêzers - yn komyske situaasjes, oandwaanlike mominten en spannende ûndernimmingen. Romke is ien fan ús allermoaiste berneboeken.’ It waard yn 1952 werprinte. De Hollânske útjefte, Het geheim van de molen (1946), belibbe ek werprinten. Mar net eltsenien wie letter noch loovjend. It Lectuur-Repertorium (1952-1966, 1968) oer Romke: ‘Syn moai jongesboekje oer in útfanhûzerij op in Fryske buorkerij jout in ferkeard idee fan heldhaftich.’ It twadde boek oer Romke kaam yn 1946 en spilet yn de oarlochstiid, Romke dûkt ûnder. Ype Poortinga resinsearre it op 11 oktober 1946 yn it wykblêd Frysk en Frij: ‘Fan de Fryske boeken oer de besettingstiid dy’t ik oant no ta lêzen haw, is dit foar my it bêste. It boek hat net folle pretinsje en krijt dochs yn ‘e bêste dielen in protte sfear en spanning’.

Fan in einekoer, in poepetoer en in lulke boer (1946) waard in tige populêr berneboek. In generaasje legere skoalbern koenen hiele dielen út ‘e holle. Frysk en Frij seach op 20 febrewaris 1948 ek dat it boek tige yn ‘e smaak foel en rette âlders oan om it as foarlêsboekje te brûken; yn 1960 ferskynde der in nije printing. De Stim fan Fryslân neamde dy op 25 novimber in oanrieder. De skriuwster Tiny Mulder bespruts it boekje op 1 desimber 1960 foar de RONO: ‘(it is) ûnferjitlik foar de lytsten dy’t krekt lêze kinne. Smûk en mei oprjocht plezier yn ‘e aventoeren fan it fintsje Hannes, fertelt E.S. de Jong de aventoeren, dy’t sa’n keardeltsje op heite syn buorkerij belibje kin. Aardich en grappich.’

Frysk en Frij wie op 3 novimber 1955 loovjend oer De Pommerant (1954 en 1955: ‘(de skriuwer) jout foaral mei dit boek it bewiis dat hy it jonges libben en wat der yn in jonges herte omgiet tige goed oanfielt. Syn ferhaal is net allinnich foar de jongerein nijsgjirrich om te lêzen, mar der sit ek in goeie strekking yn. De Jong is as berneboekeskriuwer ien fan de meast produktive en wierlik net ien fan de minsten.’

It twadde boek dat De Jong foar folwoeksenen skreaun, de roman Konduktrise, kaam út yn 1952. It waard rûnom prize en mei in priis bekroane. Hy makke it boek yn trije wiken en brûkte foar it earst it pseudonym Welmoed Hemrica. Lêzers begûnen harren krekt berne famke Welmoed te neamen, wist it Friesch Dagblad op 21 maart 1984. De roman is it deiboek fan in buskonduktrise dy’t har grutte leafde fynt yn ‘e kandidaat-dûmny Wiarda. Yn 1954 ferskynde it ferfolch, Folk yn ‘e bus. It tragyske ein (it ferstjerren fan in krekt berne bern) ferwiist nei wat de skriuwer in jier earder sels oerkaam. Yn 1959 kaam It begoun op Bolletongersdei, in leafdesskiednis dy’t him yn Boalsert ôfspile en werprintings krige. Anne Wadman bespruts it boek foar de RONO op 1 desimber 1960, hy fûn it in flotte loftige leafdesroman mei in yntrige en net al tefolle pretinsjes, koartsein goede amusemintliteratuer.[4]

Mar ús smaak feroaret yn ‘e rin fan ‘e tiid. Mear as tritich jier nei it ferskinen fan It begoun op Bolletongersdei karde in kritikus yn ‘e Leeuwarder Courant it boek op 13 jannewaris 1992 ôf, want de ûntwikkelingen deryn wiene ûnoannimlik.

De Jong publisearre romans, berneboeken, godstsjinstige oertinkings, aforismen, kommentaren, artikels en kollums ûnder eigen namme, mar brûkte ek pseudonimen (Welmoed, Welmoed Hemrica, Rein Elzinga, Roel Elzinga, Gysbert, Oud patiënt, Gabe Skroar, Rein Wiersma, Roel Wiersma). Hy sette oer (Frysk-Hollânsk, Hollânsk-Frysk), alve romans fan oare auteurs. Yn de bondel Prikguod (Ljouwert 1984) joech hy in oersicht fan syn boeken. It listke hjirûnder is dêrút in seleksje.

  • Stille Bouke. In Frysk Detective-Forhael (Boalsert 1948) (forhael fan in anonime skriuwer, biwurke troch E.S. de Jong)
  • Ilke Fokkes. Roman fan in kloklieder (Snits 1950, Ljouwert 1970)
  • Konduktrise. Deiboek fan Welmoed Hemrica ( Boalsert 1952)
  • Een klokluider verliefd (Den Haach 1953, oersetting fan Ilke Fokkes)
  • Folk yn ‘e bus (Ljouwert 1954, ps. Welmoed Hemrica)
  • It bigoun op Bolletongersdei (Boalsert 1959)
  • Romke (Boalsert 1945, 1952, oersetting Den Haach 1952)
  • Romke dûkt ûnder. Roman út ‘e lêste oarlochswinter (Frentsjer 1946)
  • Frysk Sinte Klazeboek (Boalsert 1945)
  • Fan in einekoer, in poepetoer en in lilke boer (Snits 1947, 1960)
  • De pommerant (Boalsert 1954, 1955)
  • Eintsje Peteintsje. Frysk beukerboekje (1965)
  • Koekyntsjes. Opsizferskes foar de bern, sammele troch E.S. de Jong (Boalsert 1970)
  • Boalsert besjoen en besongen/Bolsward bezien en bezongen (Boalsert 1971)
  • Troch it Lauwerseach (Willem Wilstra fotografy) (Boalsert 1974)
  • Fryslân-Friesland-Friesische Landschaft-Frisian Countryside (Helga vom Wege, Wolfgang Kremmler, fotografy) (Boalsert 1976)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ‘E.S. de Jong. In skrepper en in skriuwer’, Leeuwarder Courant 12 oktober 1968
  • ‘E.S. de Jong út Boalsert: “Dan sis ik: it hat der allegearre wol ynsitten’, Leeuwarder Courant 22 maart 1984
  • Jan Kroes, ‘Fan buormaster en preker oant propagandalieder. Eelke Simens de Jong fan Boalsert yn ‘e rest’, Leeuwarder Courant 22 januari 1988
  • E.S. de Jong, Prikguod, Ljouwert 1988
  • Pieter de Groot, ‘Propagandalieder makke de KFFB grut’, Leeuwarder Courant 13 april 2001
  • Klaas Jansma, 'Skriuwer E.S. de Jong út Boalsert ferstoarn. Gesicht kristlike Fryske bibleteek', Friesch Dagblad 14 april 2001
  • Harm-Jan Dijkstra, 'E.S. de Jong: fiif kertier yn 'e oere', Bolswards Nieuwsblad 18 april 2001
  • ‘Ta oantinken oan in warbere Fries. KFFB en 'De Fleanende Krie' wiene in grut part fan it libben fan E.S.de Jong’, De Fleanende Krie, nûmer 133, maaie 2001
  1. 'De wirkwize fen Doarpsrounten, Kriten en Klubs', Yn Ús Eigen Tael 23 (1941), 148-155, 162-167.
  2. https://www.demoanne.nl/aggie-van-der-meer-bijna-95-jaar-en-opnieuw-een-boek-van-haar-hand/
  3. ‘”E.S.” in Bolsward, gouden lintje voor dertig jaar raadslid. “Wrotter en wramer foar Fryske saek”’, Leeuwarder Courant 6 septimber 1979
  4. https://tresoar.on.worldcat.org/search/detail/64850105?queryString=anne%20wadman%20bolletongersdei