Dykstrastate

Ut Wikipedy

Dykstrastate of Dijxstrastate wie in state yn Huzum yn de gemeente Ljouwerteradiel (Súd), bewesten de Wurdumer Feart. Fan de state is neat werom te finen en der binne gjin ôfbylden fan bekend.

De state is nei 1511 boud en wie jonger as de oare states om Huzum, want yn it “Register van den Aenbrengh” fan 1511 komt se net foar. Pas oan 'e ein fan de 16e iuw wurdt de earste bewenner neamd: Ritske fan Dijxstra. Hy wie ûntfanger-generaal (direkteur fan de belestingtsjinst) en waard derfan fertocht jild út de steatskas efteroerdrukt te hawwen. Mei de behyplike administraasje fan dy tiid wie dat maklik genôch, mar dêrtroch wie soksoarte beskuldiging fan in fijân ek min te wjerlizzen. Earst woe er fan syn skuld neat witte, mar nei in dei op de pinebank lein te hawwen, tramtearre fan tangen, gleone izers en sa, kaam him ynienen yn 't sin dat de beskuldiging wol wier wie… It fûnis: acht moanne finzenis en dêrnei (desimber 1599) ferbanning út Fryslân.

Op 26 jannewaris (1600?) ferkocht in Sicke fan Dijxstra tegearre mei syn frou Frouck fan Galama de Dykstrastate oan Hebbe Feddes en Styn Gerbrants. Yn 1640 wie juffer Houckjen Hellema eigenaresse en wie Eelke Simens brûker. Yn 1695 kaam de state, 80 pûnsmiet grut, yn besit fan boargemaster Jarichus Banga dy't it gehiel ferpachte oan Claes Jansen. Mear as 100 jier letter waard Dykstrastate op ôfbraak ferkocht en sloopt en kaam der in pleats foar yn it plak.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1599 Ritske fan Dijxstra
  • 1600 Sicke fan Dijxstra
  • 1600 Hebbe Feddes en syn frou Styn Gerbrants
  • 1640 juffer Houckjen Hellema
  • 1695 Jarichus Banga

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: