Springe nei ynhâld

Dwerchpinguïns

Ut Wikipedy
Dwerchpinguïns
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:pinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaiDwerchpinguïns (Eudyptula)
Bonaparte, 1856

Dwerchpinguïns (Eudyptula) foarmje in fûgelskaai yn it skift pinguïneftigen (Sphenisciformes). De fûgels yn it skaai komme foar yn Nij-Seelân, Austraalje, Tasmaanje en de Chathameilannen.

Ut in stúdzje fan Jonathan C. Banks e.o. die bliken dat de dwerchpinguïn genetysk yn twa dúdlike klades opdield wurde kin. Tusken 2010 en 2020 hienen DNA-ûndersiken ek dy opfallende útkomsten. Der binne twa dúdlik aparte haadgroepen te ûnderskieden: in Australyske en in Nijseelânske, dy't genetysk sterk fan inoar ôfwike. Dy twa haadgroepen binne al tsientûzenen jierren fan inoar isolearre en der is skraachwurk útwikseling tusken dy twa groepen. Njonken genetyske ferskillen stelden de ûndersiken ek ferskillen yn rop, briedgewoanten, it ferfearjen en in oantal subtile lichemsskaaimerken fêst. Oer de yndieling fan it skaai fynt noch debat plak.

Op it stuit (2025) wurdt de dwerchpinguïn lykwols meast as ien soarte behannele:

Oaren ferdiele it skaai yn twa soarten.

  • Eudyptula minor - Nijseelânske dwerchpinguïn
  • Eudyptula novaehollandiae - Australyske dwerchpinguïn

Dêropta is der ek noch in fossile soarte út dit skaai bekend:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eudyptula fan Wikimedia Commons.