Dwerchpappegaaien
| Dwerchpappegaaien | ||
| Swartkraachdwerchpappegaai | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | pappegaai-eftigen (Psittaciformes) | |
| boppefamylje: | pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea) | |
| family: | pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae) | |
| skaai | dwerchpappegaaien (Agapornis) | |
| Selby, 1836 | ||
Dwerchpappegaaien (Agapornis) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae)
It binne lytse pappegaaikes fan 13 oant 17 sm lang, dy't oarspronkik allinnich yn Afrika besuden de Sahara foarkomme. Der binne njoggen ferskillende soarten en troch de avikultuer binne de rôskopdwerchpappegaai, Fischers dwerchpappegaai en swartkopdwerchpappegaai de bekendste soarten.
De fûgels binne yntelligent en tige sosjaal en foarmje pearkes foar it libben. Yn it wyld libje se yn lytse oant middelgrutte groepen. Se besteegje in soad tiid oan it fersoargjen fan inoars fearren en krûpe inoar faak oan. Yn 'e avikultuer moatte de fûgels dêrom altiten as pearke holden wurde (in mantsje en in pop of twa mantsjes, meardere wyfkes soarje foar swierrichheden). De fûgels moatte boppedat genôch útdagingen lykas boartersguod en romme fûgelhokken ha.
Yn it wyld ite de fûgels fral sied, beien, fruchten en somtiden knoppen fan beammen. Der binne ek soarten dy't in tige spesifyk dieet ha. Avokado's binne lykwols deadlik foar de fûgels.
It skaai waard yn 1836 troch Prideaux John Selby beskreaun, dy't de swartkraachdwerchpappegaai as typesoarte oanwiisde.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai telt 9 soarten.
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status |
|---|---|---|---|---|
| Fischers dwerchpappegaai | Agapornis fischeri | Tanzania, Kenia[1] | hast bedrige | |
| griiskopdwerchpappegaai | Agapornis canus | Madagaskar[2] | net bedrige | |
| Njasadwerchpappegaai | Agapornis lilianae | Malawy, Mozambyk, Tanzania, Sambia, Simbabwe[3] | hast bedrige | |
| readkopdwerchpappegaai | Agapornis pullarius | Sintraal en West-Afrika[4] | net bedrige | |
| rôskopdwerchpappegaai | Agapornis roseicollis | Angoala, Namybje, Súd-Afrika[5] | net bedrige | |
| swartkopdwerchpappegaai | Agapornis personatus | Tanzania, Kenia[6] | net bedrige | |
| swartkraachdwerchpappegaai | Agapornis swindernianus | Reinwâlden West- en Sintraal-Afrika[7] | net bedrige | |
| swartwangdwerchpappegaai | Agapornis nigrigenis | Sambia[8] | kwetsber | |
| swartwjukdwerchpappegaai | Agapornis taranta | Etioopje en Eritreä [9] | net bedrige |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
