Dwerchkasuaris
| dwerchkasuaris | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Casuarius bennetti | ||||||||||||
| Gould, 1857 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De dwerchkasuaris (Casuarius bennetti) is in fûgel yn it skaai kasuarissen út de famylje kasuarusfûgels (Casuariidae). De soarte is endemysk yn Nij-Guineä.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De dwerchkasuaris is de lytste fan 'e trije kasuarissoarten en wurdt likernôch ien oant oardel meter grut en weaget 17,6 oant 26 kg. Lykas syn sibben kin er net fleane en hat er in hurd en stiif swart fearrekleed en in trijehoekige helm op 'e kop. Hy ferskilt fan 'e helmkasuaris mei't er gjin hingjende lellen oan 'e hals hat. De poaten binne grut, krêftich en ha dolk-eftige klauwen oan 'e binnentean. Wyfkes ha in wat hegere helm, binne trochtrings wat grutter en haffdn kleuren op 'e bleate hûd binne felleer.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet wreidet him út oer wâlden fan Nij-Guineä op hichten oant 3.600 meter boppe seenivo. Fierder wurdt de fûgel op 'e eilannen Japen en Nij-Brittanje oantroffen, dêr't se mooglik yntrodusearre binne.
Yn 'e bergen bewennet er tichte hellingbosken. De dwerchkasuaris komt ek foar yn leechlânbosken yn gebieten dy't net bewenne wurde troch oare kasuarissoarten yn noardeastlik Papoea Nij-Guineä.
Hjoed-de-dei wurdt de soarte meast yn twa ûndersoarten ferdield:
- Casuarius bennetti bennetti: Nij-Guineä útsein Fûgelkop, ynklusyf Japen en Nij-Brittanje.
- Casuarius bennetti westermanni: noardwestlik Nij-Guineä (Fûgelkop)
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se ite fruchten, ynsekten en oare lytse bisten. De fûgel is meast solitêr. Somtiden kin de fûgel yn dielen fan syn ferspriedingsgebiet seizoensmigraasjes ûndernimme.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gien rûzing oer de grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt omskreaun as oer it algemien seldsum, alhoewol't de soarte ek lokaal algemien is yn noardeastlik Nij-Guinea. De fûgel is tige ôfhinklik fan boskhabitat en om't it boskareaal yn it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel ôfnimt, wurdt der oannommen dat ek de dwerchkasuaris yn oantallen ôfnimt. Op de fûgel wurdt jage, mar de ynfloed dêrfan is net grut. De soarte wurdt sûnt 2015 troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
