Springe nei ynhâld

Dwerchjakana

Ut Wikipedy
dwerchjakana
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljejakanafûgels (Jacanidae)
skaaidwerchjakana's (Microparra)
soarte
Microparra capensis
Smith, 1839
IUCN-status: net bedrige

De dwerchjakana (Microparra capensis) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. It is de iennige soarte yn it skaai Microparra.

Fûgel yn Botswana.

Lykas de namme al seit is de likernôch 16 sm lange dwerchjakana de lytste soarte yn 'e famylje. Hy is likernôch de helte lytser as de Afrikaanske jakana. De soarte is brún fan boppe en wyt fan ûnder mei in readbrúne kroan en nekke, goudgiel boppe de snaffel, in wite wynbraustreek, in smelle readbrune eachstreek en goudgiele en readbrune plakken op 'e sydkanten fan it boarst. Yn 'e flecht is in wite efterrâne oan 'e wjukken en readbrún op 'e stút en sturt te sjen.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en komt foar yn swietwettergebieten yn in grut part fan Afrika ûnder de Sahara fan Maly oant Gana, eastlik oant Etioopje en súdlik oant Namybje, Botswana en eastlik Súd-Afrika. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dwerchjakana wurdt yn ûndjip wetter oantroffen. Hy yt meast ynsekten, mar somtiden ek plantedielen. It briedseizoen fan 'e fûgel ferskilt geografysk en neffens de reintiid.

De populaasjetrend fan 'e fûgel is ûnbekend, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. In rûzing fan 2023 giet út fan in folsleine populaasje fan 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel net as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: